Wat is der mis mei ‘iepenbier ferfier’?

desimber 21, 2016 10:28

Gastbydrage fan André Looijenga

Ferline wike waard it ‘meast ferskriklike’ Fryske wurd keazen: wiif. Myn kar hie it net west, mar it is te begripen. Oarspronklik betsjut it gewoan ‘troude frou, echtgenoate’, mar allinnich âldere mannen brûke ‘it wiif’ noch op dy manier. Foar de measte Fryskpraters klinkt ‘wiif’ yntusken ridlik ûnfatsoenlik. Foar guoddens (♀) blykber sels misledigjend.

Yn de top-5 fan ferskriklike wurden stiet lykwols ek ‘iepenbier ferfier’. Apart. Fansels reizget net elkenien graach mei bus of trein, mar dêr wurdt it wurd op himsels net ympopulêr fan.

Miskien dat it oan de /ie/-lûden lein hat? Dy klinke ommers suver as piipjende remmen. Se meitsje dat ‘iepenbier ferfier’ nammerste mear opfalt as in lienoersetting út it Nederlânsk.

Lienoersetting is in fertroud taalkundich prosedee, sawol by it skriuwen as it praten. It risseltaat is soms dat it Frysk telâne komt op in oar nivo as foarhinne. Net elk is soks wend, miskien wol om’t se by gebrek oan goed ûnderwiis yn it Frysk mei nuvere foaroardielen opskipe sitte oer harren taal. Mar foar my heart iepenbier ferfier yn deselde kategory as bgl. ‘riedsgearkomste’ en ‘sûnenssoarch’ – folle poëzij sit der net yn, mar se hearre ûndertusken al by it Frysk.

Bliuw ik dochs sitten mei nóch in fraach. Wat skeelde der dan neffens de ynstjoerders yn de frede oan it moaie nij-Fryske wurd ‘pjutteboartersplak’…?

desimber 21, 2016 10:28
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Jabik Jans desimber 22, 10:15

    Ik bin bang dat guon wâldsjers sizze fan pjuttebjartersplak en dat beart wat ûunoazel.

  2. Cor Jousma desimber 29, 13:33

    Jabik Jans, myn frou hat jierren liedster west yn de wâlden en dyn wâldsjers hiene it nei oanlieding fan it benammen grienlinkse bestjoer oer de peuter. Lokkigerwize wie de tafoeging speelplaats ek te lang…

    Dat al mei al hie pjuttebjartersplak in moai begjin west.

  3. Willem Riemersma desimber 29, 14:27

    Yn Broeksterwâld hat in lyts plak in grut foarbyld jûn, mei foar it boartersplak fan de pjutten de namme: Pjuttekroade.
    In eardere direkteur út Drinte makke dêr wat oars fan: putjekroade.
    Myn bylessen hawwe net holpen, mar dat woe lang lyn ek mei in prokureur-ginneraal oan it Gerechtshof net. Dy fûn it Frysk sa dreech, al koe er floeiend Latyn en Gryksk. Ik sis altiten mar sa: lju moatte harren dommens (ûnwil) mar etalearje, ús pjutten op De Broek binne wol wizer!

  4. Lammert Dijkstra febrewaris 1, 16:50

    No wit ik it net, mar wit wol dat it meast ferskriklike wurd – foar my alteast – it meast misbrûkte ‘skaatse’ is!! Ik wit wol, it is net iens Frysk, mar te deale, de earen falle jin fan de holle as men dit ferskuorrend minne wurd foar (reed)riden heart. Se hawwe hjoe de dei ek gjin ‘redens’ mear, mar ‘skaatsen’. ‘Bist ek noch west te skaatsen?’, heart men gauris. Fuoi! ‘Bist west’ mei noch foar te min Frysk ûnderwiis jilde, mar ‘skaatse’ is planút sleau en tsjûget fan in gruttere kennis fan stedsfrysk as fan geef Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.