Streektaalgebrûk en ynkommen

novimber 17, 2016 18:38

Troch Henk Wolf

“Lager loon voor mensen met dialect”, sa koppe de NOS yn septimber. Trouw skreau: “Dialectspreker verdient minder” en RTL sette op syn site: “Praat je plat? Dan verdien je waarschijnlijk minder dan een ABN-spreker.” De artikels gongen oer ûndersyk fan de Rotterdamske ekonoom Jan van Ours. Dy hie ûntdutsen, sa stie yn ’e media, dat dialektsprekkers yn Nederlân in leger salaris krigen as minsken dy’t Standertnederlânsk praten. It soe sa’n fyftjin persint skele kinne.

De berjochten yn de media griemden dialekt en Standertnederlânsk-mei-in-regionaal-aksint fleurich trochinoar hinne. Ik koe nergens fine wat Van Ours no krekt ûntdutsen hie. Fertsjinnen minsken mear as se op it wurk Standertnederlânsk praten? Of as se dat thús dienen? Of waarden minsken mei in regionale útspraak fan it Standertnederlânsk minder fluch oannaam foar bepaalde banen?

De media makken har net sa drok om de presize útkomst fan it ûndersyk. Sa frege RTV Drenthe oan Jan Germs fan it Huus van de Taol om in ferklearring en Germs antwurde mei: “Het kan best zijn dat het in bepaalde bedrijfstakken gebeurt dat managers iemand die een accent heeft als minder intelligent beoordelen. En dat werknemers op basis daarvan een lager salaris krijgen.”

Ik ha Jan van Ours mar in mailtsje stjoerd mei de fraach wat er no presys ûndersocht en fûn hie. It die bliken dat de media oan ’e haal gongen wienen mei foarriedige resultaten. It artikel wie noch net klear. No is it dat wol. Van Ours hat de digitale ferzje online set en my de link tastjoerd.

Artikel

It artikel is skreaun troch Van Ours en Yuxin Yao, in Tilburchske ûndersiker. Se beskriuwe yn it artikel hoe’t se gegevens fan oare ûndersyksynstellingen ferlike ha. Dy litte sjen dat minsken dy’t alle dagen of soms dialekt prate (en dêr wurdt Frysk ek ûnder beflapt) in leger ynkommen ha as minsken dy’t altyd Standertnederlânsk prate. Foar manlju skeelt it twa euro yn ’e oere, foar froulju in goeie euro.

Sa’n korrelaasje seit noch net safolle: yn prinsipe is it foarstelber dat minsken dy’t in soad fertsjinje, mear Standertnederlânsk begjinne te praten of dat minsken mei in leech ynkommen de streektaal oanleare. It is ek tinkber dat guon minsken yn har bertestreek bliuwe en de streektaal dêrtroch faak prate kinne. Dy minsken nimme in leger ynkommen foar leaf, wylst oaren foar in heger salaris nei in grutte stêd ferhúzje dêr’t se har streektaal net brûke kinne.

Ynkommen en ôfstân ta Amsterdam

Van Ours en Yao kamen derachter dat der in relaasje is tusken it ynkommen en it ôfstân tusken in wenplak en Amsterdam. Simpel sein: wat fierder oft in plak fan Amsterdam ôf leit, wat leger oft it gemiddelde ynkommen fan de ynwenners is. Tagelyk ha se fûn dat der ek in relaasje is tusken streektaalgebrûk en ôfstân ta Amsterdam: wat fierder oft in plak fan Amsterdam ôf leit, wat mear ynwenners oft alle dagen streektaal prate. Dy twa relaasjes ha se kombinearre: yn plakken dy’t fierder fan Amsterdam lizze, wurdt minder jild fertsjinne en mear streektaal praat. Dat binne hurde feiten op basis fan grutskalich ûndersyk.

De twa ûndersikers ha doe sjoen wat der allegear bydrage kin oan dat ferbân tusken ôfstân ta Amsterdam en ynkommen. In pear ferklearringen binne de oanwêzichheid fan grutte stêden en goeie ferbiningsdiken, de leeftyd fan de befolking en it opliedingsnivo. Sokke faktoaren ha se út de gegevens filtere om te sjen oft streektaalgebrûk dan as ferklearjende faktor oerbleau.

Foar froulju bliek dat net sa te wêzen. It ynkommensferskil tusken froulju dy’t wol en net in streektaal brûke is it gefolch fan in kombinaasje fan oare ferklearringen. By manlju bleau in ferskil bestean. Manlju dy’t alle dagen in streektaal prate, fertsjinje sa’n 4% minder as manlju dy’t dat noait dogge. Manlju dy’t soms streektaal prate, fertsjinje sa’n 10% minder as manlju dy’t dat noait dogge.

Diskriminaasje as oarsaak

Van Ours en Yao nimme op basis fan it boppesteande oan dat streektaalgebrûk it ynkommen beynfloedet en se spekulearje oer de oarsaak dêrfan. Sa neame se efkes de mooglikheid dat streektaalpraters it Standertnederlânsk net goed behearskje, mar se fersmite dy mooglikheid fuortendaliks wer, omdat der te min oanwizingen foar binne en omdat minsken mei in minne behearsking fan it Nederlânsk net meinaam binne yn it ûndersyk. Fierder sizze se dat der oanwizingen foar binne dat streektaalpraters ûnbewust achtersteld wurde, bygelyks omdat in wurkjouwer tinkt dat se dom of lui binne. Dat soe in ferklearring wêze kinne. En se wize derop dat manlju faker in baan fier fan hûs ha as froulju, sadat se bûten har eigen dialektgebiet wurkje. Dat soe ferklearje kinne dat manlju faker mei sokke diskriminaasje te krijen ha as froulju.

Omdat minsken dy’t it Nederlânsk net goed behearskje net meinaam binne yn it ûndersyk en omdat it ûnwierskynlik is dat in Fries dy’t yn Drinte wurket altyd Frysk praat, nimme de ûndersikers oan dat der diskriminearre wurdt op in regionaal aksint ynstee fan op streektaalgebrûk. Dat ûnderstelt dat allinne streektaalpraters in regionaal aksint ha en net de Nederlânskpraters út deselde streek. Dat liket my gjin plausibele oanname.

Oarsoartige banen yn ferskillende streken

De gegevens litte noch trije dingen sjen: de wurkleazens ûnder streektaalpraters en net-streektaalpraters is like heech, streektaalpraters en net-streektaalpraters wurkje likefolle oeren en streektaalpraters wurkje faker mei de hannen, wylst net-streektaalpraters faker mei de holle wurkje. Dat makket it net oannimlik dat der op grutte skaal diskriminearre wurdt troch wurkjouwers op grûn fan streektaalgebrûk. It liket der earder op te wizen dat streektaalpraters foar oare beroppen kieze, dy’t minder jild opsmite. Dat kin wêze omdat se leger oplaat binne, mar dy faktor is al út de gegevens weisuvere. It kin ek wêze dat se wenje yn in streek dêr’t no ienkear minder heech betelle banen binne, bygelyks omdat der gjin universiteit is en net folle fêstigingen fan grutte bedriuwen.

De ûndersikers nimme oan dat de ôfstân ta Amsterdam sels gjin diel fan de ferklearring wêze kin. Ik freegje my ôf oft dat terjochte is. Yn ’e Rânestêd sitte ommers folle mear universiteiten, hegeskoallen en grutte bedriuwen as yn oare streken fan Nederlân. De wenlêsten lizze der ek heger, sadat wurkjouwers har wurknimmers mear betelje om by harren te wurkjen.

Wat de sifers ek beynfloedet is dat der yn de provinsjes dy’t de ûndersikers as Rânestêd beskôgje hast gjin minsken binne dy’t oanjouwe dat se in streektaal prate. It Rotterdamsk, Leidsk en Utertsk wurde yn it ûndersyk as Standertnederlânsk beskôge.

Braindrain

Fierder nimme Van Ours en Yao foar it gemak oan dat bygelyks yn Grinslân alle streektaalpraters Grinslânskpraters binne en alle net-streektaalpraters Nederlânskpraters. Dat ferdigenje se mei sifers dy’t sjen litte dat Nederlanners net faak nei in oare provinsje ferhúzje. Wat se dêrby lykwols ferjitte is dat de ferhuzingen dy’t wol plakfine, meastentiids út de perifery nei de Rânestêd ta binne, de saneamde braindrain. Migraasjekaartsjes fan it Meertens Instituut litte sjen dat dat effekt bestiet, sjoch hjir.

As der út alle eastlike, noardlike en súdlike provinsjes in pear persint fan ’e ynwenners nei de Rânestêd ta ferhúzje, dan binne dat foar dy provinsjes gjin opfallende ferskowingen, mar it betsjut wol dat de Rânestêd der navenant in soad minsken by kriget, nei alle gedachten foaral minsken dy’t heech oplaat binne of wurde en in goed salaris krije. Dy minsken en har neiteam komme foar it grutste part as net-streektaalpraters yn de statistiken, wylst har broers en susters dy’t yn de bertestreek bliuwe en nei alle gedachten minder fertsjinje, as streektaalpraters te boek stean sille.

Foar guon banen leare minsken de streektaal

Wêr’t Van Ours en Yao ek net oan tinke is dat se it ferbân tusken streektaalgebrûk en ynkommen ek oarsom besjen kinne. As minsken yn in garaazje wurkje of yn de soarch of achter de bar en se prate fan hûs út de streektaal net, dan is der in aardige kâns dat se dy ek oanleare. Undersyk yn Fryslân hat sjen litten dat likernôch de helte fan ’e fan-hûs-út-Nederlânsktaligen it Frysk oanleart en dat dat foaral it gefal is by minsken mei in legere oplieding. Sjoch bygelyks Taal yn Fryslân op ’e nij besjoen fan Gorter en Jonkman (1994).

Fryslân is in apart gefal

Ut de sifers komt noch wat nuvers nei foaren ta. Van Ours en Yao ha de berekkeningen nammentlik ek útfierd sûnder Fryslân mei te nimmen. Dat ha se dien omdat it Frysk fan alle streektalen it sterkst ôfwykt fan it Standertnederlânsk. Fryslân is nei Limburch de provinsje mei it heechste persintaazje streektaalpraters. As Fryslân net meiteld wurdt yn de sifers, dan is it ynkommensferskil tusken streektaalpraters en net-streektaalpraters ynienen grutter. Dat liket derop te wizen dat de oarsaak fan dat ferskil, wat dy ek wêze mei, net of net sa sterk jildt foar Fryslân.

Gearfetting

Om gear te fetsjen: wat Van Ours en Yao hurd meitsje kinne, is dat manlju bûten de Rânestêd dy’t soms in streektaal prate, 10 persint minder fertsjinje as manlju dy’t altyd Standertnederlânsk prate. Foar froulju is dat ferskil der net, foar manlju dy’t de streektaal faak brûke is it lytser (4 persint). De ferskillen komme net trochdat dy manlju minder faak in baan ha of minder oeren wurkje. Fierder is dúdlik dat streektaalpraters faker mei de hannen wurkje, dat dialekten fan de Rânestêd net as streektaal beskôge wurde en bygelyks Frysk, Limburchsk en Grinslânsk wol. Yn Fryslân is it ynkommensferskil tusken streektaalpraters (foaral Fryskpraters) en ientalige Nederlânskpraters lytser as lanlik.

It artikel fan Van Ours en Yao is online te lêzen.

Van Ours, Jan C. & Yuxin Yao (2016), The Wage Penalty of Dialect-Speaking. Discussion Paper Rotterdam: Tinbergen Institute. http://papers.tinbergen.nl/16091.pdf

 

 

novimber 17, 2016 18:38
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Nanne novimber 20, 14:14

    As jo der nei sykje, kin der ek in ferbân fûn wurde tusken sokssawat as it tal earrebarren en it tal berten. Op grûn fan dizze sifers soe ik konkludearje dat der gjin STREEKrjocht ferbân is tusken it brûken fan STREEKtaal en ynkommen. Want foar froulju is der gjin signifikant ferskil fûn, wylst foar manlju it ûnderstelde effekt net lineêr is: de streektaal faker brûke makket it ynkommensferskil wer lytser. Mar de ûndersikers konkludearje dat mear ûndersyk nedich is…

  2. Pieter van der Plank novimber 23, 12:12

    De ûndersikers lizze net út wêrom streektaal(aksint) foar standerttaal oer steld wurdt. Faaks sprekke de bewenners van de Rânestêd ûnderwilens allegearre Standertnederlâns. Mar dan wol yn in tige brede sin want hja hawwe ûnderling ferskate aksinten yn har spraak. Wichtich is it ôfwikende aksint (en gauris ek apart taalgebrûk) fan in soad allochtoanen. Dat kin net samar fuortskreaun wurde ûnder de iene neamer: Standertnederlânsk. Better hie west as Rânestêdsktalen/aksinten foaroer Streektalen/aksinten steld wiene. En dan noch, wat is it ferskil yn ynkommen tusken dy Rânestêdskfarianten? Hiel grut en faaks wol grutter.

  3. Germ Dijkstra novimber 23, 13:12

    Ynstee fan op it ûndersyk om te lekskoaien, soenen wy de útkomsten brûke moatte yn in bredere diskusje. In faak hearde reden om bygelyks bêrn gjin Frysk prate te litten is dat it hja bettere kânsen biedt.

    Yn earsten lit dit ûndersyk sjen dat dit yn elk gefal net (signifikant) út it lettere ynkommen blykt foar streektalen en al hielendâl net foar it Frysk!

    Mocht der bygelyks út ferfolchûndersyk blike dat der dochs in negatyf effekt is dan tink ik dat it belangryk is om sok ûndersyk oars te framen. Sa kinne je dit sifer, litte wy 4% nimme, fuortstreekje tsjin it ferlies fan identiteit. De fraach wurdt dan, binne jo ree om jo bêrn harren Fryske identiteit te ûntnimmen en hja sa letter 4% mear fertsjinje te litten?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.