‘Ongeacht’
Resint ferskynd
Ongeacht oppenearret him gauris yn min Frysk.
Dochs is der in moai Frysk wurd foar: likefolle.
Sjoch mar:
ongeacht wat voor weer het is – likefolle hokfoar waar it is
ongeacht wie het wint – likefolle wa’t it wint
Noch in stapke fierder en wy lûke likefolle gear mei it fraachwurd:
lykfolwa’t it wint, Trump of Clinton
lykfolwat er docht
lykfolwêr’t se wenje
Oer likefolle sprutsen, it kin ek brûkt wurde foar: dat makket my net út. Dat wurdt dan: dat is my likefolle.
En sa bedarje wy fansels by wat plattere taal: it is de boer likefolle oft de ko skyt of de bolle.
Gastbydrage fan Eric Hoekstra
Yn it earste foarbyldsintsje sit in flater; it bynwurd oft is fergetten.
It soe wêze moatte: Likefolle hokfoar waar oft it is.