Fryske skoallen smite alle talen trochinoar

novimber 18, 2016 12:18

It ôfrûne healjier hawwe fiif skoallen yn Fryslân eksperimintearre mei translanguaging. Dat is in meartalige ûnderwiisfoarm wêrby’t de talen net strikt skieden wurde. Se wurde just mei sin trochinoar hinne brûkt. Yn it bûtenlân binne dêr goede ûnderfinings mei.

De basisskoallen út Holwert, Reduzum, Nij Beets, Easterbierrum en Koatstertille wiene al langer trijetalich. It belied wie altiten om de talen Frysk, Nederlânsk en Ingelsk te brûken by de útlis fan bygelyks rekkenjen of biology, mar dan ien taal tagelyk. Sa wie it iene fak bygelyks Ingelsktalich en it oare Frysktalich. Of de iene deis waard der Frysk praat, de oare dei Nederlânsk en wer in oare dei Ingelsk.

Keunstmjittich en ek net goed foar de taalûntwikkeling, sa tinke ûnderwizers hjoed de dei. It is better foar de bern om bygelyks wat te hearren yn it Frysk, der yn it Nederlânsk in oefening oer te meitsjen en der dan yn it Ingelsk wat oer te fertellen. Sa soe it bûten de skoalle ek gean.

Ien skoalle is der sels mei dwaande om fjouwertalich te wurden. De Flambou yn Easterbierrum brûkt nêst de neamde trije talen noch it Poalsk, omdat der in protte bern op ’e skoalle sitte dy’t dy taal thús prate. Neffens Klaske Jellema fan hegeskoalle NHL, dy’t it projekt liedt, kinne de Fryske skoallen in foarbyld wurde foar skoallen yn de rest fan Nederlân dêr’t in protte bûtenlânske bern op sitte.

novimber 18, 2016 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.