Sa grutsk as in Italiaan op ús taal

oktober 30, 2016 21:41

Op fakânsje yn Dútslân kocht ik iisko’s by in Italiaan. Wylst ik wakker dwaande wie mei myn bestelling yn sa geef mooglik Dútsk, reagearre hy just yn syn eigen taal. Mei safolle entûsjasme en taalgrutskens dat ik tocht, te deale, it Dútsk is hjir net tarikkend, ik moat noch al efkes mei in wurdsje Italiaansk foar de tried komme. Gelokkich skeat my krekt op ’e tiid eat yn it sin, sadat ik der noch in ‘arrivederci’ út krige, doe’t ik my mei it iis ôfjoech. En ik tocht, bliksem, sa moatte wy Friezen ek mei ús taal omgean!

fm5In pear hânfollen wurden om oer te dragen, lykas hjir útstald yn it Fries Museum. © ItNijs.frl

In moaie taak foar de hoareka yn de oanrin nei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018, tinkt my. Mar winliken foar alle Friezen, sjoch myn eardere útstel foar it KH18-taaloerdrachtprojekt op eigen manneboet ‘Wy jouwe elkoar de fiif’. frysk-yn-friesch-dagbladDat komt derop del dat Frysktaligen harren minder gau ferbrekke, just om Nederlânsktaligen ús taal better te learen. Want oars as wat in protte minsken blykber (ûnbewust?) miene, sels de FNP like in skoft op dat spoar te sitten, en oars as bygelyks in hûdskleur, is it Frysk net in oanberne skaaimerk, mar is it frij maklik te learen. Benammen foar wa’t it rûnom heart. Sadwaande fersteane omtrint alle ynwenners fan Fryslân de taal wol, mar mei in bytsje ekstra ynspanning kin oarstaligen genôch oanleard wurde om de petearen skielk yn it Frysk te hâlden. As wy no allegearre in hânfol wurden deis oerdrage, kin it yn oardel jier tiid al safier wêze. Yn 2018 kinne we dan de trend dat it Frysk hieltyd minder te hearren is, omkeard ha.

Myn útstel krige yn juny omtinken yn ûnder oare it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en de sosjale media. Der kamen in protte positive reaksjes op, lykas dy hjirnjonken. En ik waard toch Hindrik en Beitske van der Meer wiisd op harren inisjatyf fan it Taalsynjaal, dat bedoeld is as remeedzje tsjin de oanwenst dy’t  Friezen ha om harren daliks te ferbrekken as se Nederlânsk hearre. Dêr wurdt in ûnderlizzer foar útbrocht mei in oantal ienfâldige Fryske sinnen dy’t Nederlânstaligen ynsette kinne om it petear yn it Frysk te hâlden (sjoch hjirûnder). En dy’t dus goed te brûken is foar it projekt dat my foar eagen stiet.

underlizzerMar der waard troch guon ek ferwiisd nei oerheid, ûnderwiis en ekonomy en nei grutte plannen dy’t wy meitsje moatte soene; sjoch bygelyks de reaksjes ûnder it stik op ItNijs.frl. Op himsels bin ik it dêr allegearre wol mei iens, mar we prate der al desenniums op om en der bart ek wol wat, mar net genôch. Ik woe it dêrom just ek ris fan ûnderen op besykje. As der genôch minsken oan meidogge is it ommers mei sizzen al te dwaan. It is it oergearkommen mar. Mar dát is dan noch wol nedich, fansels. Of, yn de wurden fan Bertus Jans Postma: “Skriuwen is neat, dwaan is in ding. En wa docht dat ding? Wannear sille wy los?” Wat my oanbelanget binne wy al los. Lykas ik yn juny skreau, elkenien kin it yn syn eigen fermidden dwaan. Sels ha ik murken dat as ik freonlik en fleurich trochkâltsje yn it Frysk, myn petearpartner op syn minst besiket in bytsje Noardlik te praten.

Ik bin benijd nei jim ûnderfinings!

Nanne Hoekstra

oktober 30, 2016 21:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma oktober 31, 19:44

    As immen my de wei freget, dan anderje ik altiten yn it Frysk. Wol hâld ik syn gesicht op ‘e kuer, oft er ien en oar benei komme kin. Oars krije jo de brike sitewaasje dat twa Frysktaligen inoar yn it Nederlânsk teplak prate.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*