Oantal otters yn Nederlân nimt ta

oktober 17, 2016 11:22

It tal otters yn Nederlân groeit troch. De populaasje bestie ôfrûne winter út sa’n 185 bisten, tsjin 160 in jier earder. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Universiteit dat snein publisearre is. It tal ferkearsslachtoffers ûnder de otters bliuwt grut. Ferline jier binne yn totaal 49 bisten deariden. Fierder liket de genetyske fariaasje net fierder ôf te nimmen. De measte otters komme noch hieltyd foar yn Fryslân en Oerisel. De grutste populaasje libbet yn de Wieden-Weerribben en telt sa’n 86 bisten.

Kaairol
Dit gebiet ferfollet in kaairol by it kolonisearjen fan oare gebieten yn Nederlân. Wol is it tal ferkearsslachtoffers yn dy nije gebieten grut, wêrtroch’t se dêr ek wer ferdwine kinne. Otters stjerre ek troch ferdrinking yn fiskfûken. De genetyske fariaasje yn de Nederlânske populaasje liket him te stabilisearjen, docht bliken út DNA-ûndersyk fan poep en dea fûne bisten. Op hieltyd mear plakken dûke otters fan Dútske komôf op. Se komme hjir op eigen krêft, lykas yn de Nieuwkoopse Plassen, by de Isel by Voorst en by de Dinkel lâns.

oktober 17, 2016 11:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.