Jouster band presintearret single mei hitpotinsje
Resint ferskynd
Oant no ta wie Straight On Stage in coverband fan seis jonges dy’t wurk fan ûnder oaren Elvis Presley, Dire Straits en Status Quo ‘yn in jong jaske’ spylje. Mar gitarist Jildert Holtrop en toetsenist Jelte Rijpkema ha no sels de muzyk fan in nûmer skreaun, dêr’t sjonger Tjitte Rijpkema de tekst by betocht hat. De resultearjende single Sydney is freed presintearre yn sealesintrum ’t Haske op ’e Jouwer.
Tjitte Rijpkema sei tsjin de Jouster Krante: “Wy bestean no fiif jier en it is foar it earst dat we eigen materiaal presintearje. Aardich en tafallich dat it tagelyk is. We binne seis jonges yn in pak en ha allegearre in sinnebril op yn in oare kleur. Dat past poerbêst by de muzyk dy’t wy spylje, âlde Rock en Blues yn in jong jaske. Tink mar oan de Blues Brothers, ZZ top en Chuck Berry, mar likegoed oan Liquido en The Golden Earring.” De passy foar deselde soarte muzyk fynt hy ‘bêst unyk’, foar jonges fan harren leeftyd. De bân tusken de grutjonges is tige sterk wurden troch it ferstjerren fan de drummer by in needlottich ûngemak yn de begjintiid. “Wy genietsje fan elk momint dat wy muzyk mei elkoar meitsje kinne en ha in protte wille op it poadium. Dat is ús biedwurd ek. As wy wille mei elkoar meitsje, sille we dat útstriele nei ús publuyk.” De groep hat dêr aardich súkses mei: “Yn de simmer trede we omtrint alle wykeinen op; lêstendeis noch op it Oktoberfest yn Wytmarsum foar sa’n tûzen minsken.”
It publyk wie freed optein by de singlepresintaasje. Dat, faaks wurdt it in hit. Oardielje sels en besjoch de fideoklip hjirûnder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje