Fryske útjouwer DeRyp op grutte boekebeurs Utert

oktober 3, 2016 14:21

Sneon 8 oktober wurdt yn de Nicolaï-tsjerke yn Utert in bysûndere boekebeurs holden: ‘Andere uitgevers, bijzondere boeken’. Ien fan de dielnimmers is útjouwer fan Fryske boeken DeRyp, ûnderdiel fan fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting.

Op de beurs presintearje mear as fyftich lytse útjouwers út hiel Nederlân harren produkten. It binne meast boeken dy’t net sa gau yn de boekhannel te finen binne en gaadlik foar leafhawwers dy’t op syk binne nei mear as bestsellers.

Hille Faber fan DeRyp: “It is in moaie kâns om ús Fryske boeken bûten de provinsje ek ûnder de minsken te bringen.” Op fersyk fan DeRyp draacht skriuwer Abe de Vries middeis foar út syn dichtbondel Brek dyn Klank op it grutte beurspoadium. Njonken boeken, cd’s en ansichtkaarten presintearret DeRyp ek de twatalige jierdeis-keunstkalinder De Tafel, mei poëzije fan Eppie Dam en byldzjend wurk fan Gerrit Terpstra dêr’t ‘de tafel’ sintraal yn stiet.

‘Kom neuzen en laat u verrassen door het brede en gevarieerde aanbod’ skriuwt de organisaasje.
De beurs ‘Andere uitgevers, bijzondere boeken’ is op sneon 8 oktober (10:00–17:00 uur) yn de Nicolaï-tsjerke Utrecht (Nicolaaskerkhof 8, njonken it Centraal Museum).

 

oktober 3, 2016 14:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.