Fideopoëzyprojekt It Font
Resint ferskynd
It wetter, de noardlike kust en de see binne de reade tried yn It Font, it meartalige fideopoëzyprojekt fan skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp. Harren wurk is de kommende twa moanne te sjen yn Museum Belvédère en dizze moanne ek yn Fries Museum. It Font giet ein oktober mei nei de Frankfurter Buchmesse. David Colmer tekene foar de Ingelske oersettingen.
It Font, in inisjatyf fan Eeltsje Hettinga, is ûntstien út in ferlet om poëzy op in oare manier te presintearjen, yn dit gefal yn in ynterdissiplinêre foarm. Poëzy kin folle romtliker wurkje as er yntegrearre is yn bewegend byld en lûd. Ferskillende keunstners joegen harren meiwurking oan It Font: ûnder harren de skilder-muzikanten Jan Snijder en Christiaan Kuitwaard en de Amearikaanske multy-instrumentalist Peter Broderick.
De fideogedichten sa’t Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp dy meitsje fine net allinne in plak yn galerys en musea, mar ek op film- en literatuerfestivals. In trijelûk út harren projekt waard ferline jier selektearre foar de Nieuwe Noordelijke Oogst fan it Noordelijk Film Festival.
Hettinga: “Poëzy fynt op dizze manier en yn dizze foarm in oar publyk. Dat berik ik net mei publikaasjes yn inkeld Frysktalige literêre tydskriften, der’t in bytsje each is foar oare dissiplines, bygelyks foar de byldzjende keunst. Digitaal literêr sjoen binne dy tydskriften net botte fernijend. De foarmjouwing is faak saai-saai. En inkeld Frysktalich? Dat is, tink ik, in passearre stasjon. De twataligens fan skriuwers as Nyk de Vries is ferademjend.”
Lotte Middendorp sammele foar it fideopoëzyprojekt in protte byldmateriaal yn de natuergebieten fan It Fryske Gea, yn de Lege Midden om Akkrum hinne en oan de Waadkust. Har ynfalshoeke is bepaald orizjineel. “Ik besykje myn bylden mear as ien laach te jaan. It giet my op de ûnderfining dy’t yn al syn sintúchlikheid neat te meitsjen hat mei de lineêr ferrinnende tiid, mar alles mei de inerlike tiid. Foar my is de natuer yn essinsje amoreel. Natuer oardielet net.”
Foarm
Middenborp en Hettinga foegen byld en tekst al eksperimintearjend gear. Hettinga: “Wat we absolút net woene, wie in foarm fan emblemata, dus in simpel praatsje by in plaatsje of oarsom. Wat my foaral fassinearre, wie de ferhâlding tusken taal en typografy en byld en foarmjouwing. Tegearre dogge wy de rezjy. Dan hast it oer de komposysje, de struktuer, it ynbringen fan de tekst, de motiven, de muzyk, de foardracht. It is fantastysk wurk. As ik tweintich west hie, dan wie ik sunder mis nei de Filmakademy gien.”
De byldzjende krêft fan it fideowurk besteviget de plastisiteit fan de poëzy. Lotte Middendorp jout de taal in fysyk, omtrint taastber karakter. “Hoewol’t it om in digitaal literêr projekt giet, wol ik, en dat is myn útgongspunt, sa analooch mooglik wurkje: it is de natuer dy’t de krêft oan de bylden jout. Om dy reden ek kieze wy by de foarmjouwing fan it gehiel safolle mooglik foar natuerlike materialen.”
Underdiel fan de presintaasje fan It Font yn Museum Belvédère, it Fries Museum en op de Frankfurter Buchmesse is in troch foarmjouwer Gert Jan Slagter ûntwurpen leporello, besteand út it twatalige gedicht ‘In spegel de see ‘ / ‘The sea a mirror’ en seis stills út de koarte ‘films’ fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp.
Op it ‘Open Atelier’ yn it Fries Museum yn de tredde wike fan oktober binne keunstners presint. Yn dy wike binne ûnder oaren ek byldzjend keunstner Machiel Braaksma en dichter en essayist Martin Reints te gast.
• It Font – Museum Belvédère – 14 okt. o/m 18 dec.
• It Font – Fries Museum – 7 okt. o/m 30 okt.
Eeltsje Hettinga publisearre fiif poëzybondels, stalde mei skriuwster Elske Schtonus twa blomlêzingen gear en sette wurk oer fan Ingeborg Bachmann, Georges Bataille en Slauerhoff. Foar syn debútbondel Akten fan Winter krige er de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Hettinga skriuwt geregeld oer byldzjende keunst. Hy makke ûnder mear de biografy Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús. Hettinga krige fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis takend. Syn lêste poezybondel Ikader stie yn 2013 op de shortlist fan de Gysbert Japicxspriis. It yn gearwurking mei Lotte Middendorp makke fideopoëzyprojekt It Font is syn resintste publikaasje, in inkeld digitaal literêre útjefte. (www.eeltsjehettinga.nl of eeltsjehettinga/sirkwy)
Lotte Middendorp is fideokeunstner. Se studearre yn 2013 ôf oan Akademie Minerva yn Grins. Har film Spegel yn Spegel waard oankocht troch it Fries Museum. Har ynstjoering foar ‘The one minute filmfestival’ yn Amsterdam waard yn 2011 bekroand mei de Tommy Award. Yn 2012 waard in fideo selektearre foar de One minutes-expositie ‘VideOOOOh’ yn it Slade Research Center yn Londen. Lotte Middendorp eksposearre de ôfrûne jierren ûnder mear yn galery Roos van Tudor, it keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert en yn Museum Belvédère yn it Oranjewald. (www.lottemiddendorp.nl)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje