Opfrysker

Opfrysker Fernijd

🕔09:00, 31.Oct 2016 Lês it folsleine artikel
Fryslân oerwint grinzen op Boarkum

Fryslân oerwint grinzen op Boarkum

🕔08:37, 31.Oct 2016

Sneon 29 oktober hawwe op it eilân Boarkum sa’n 35 Friezen út Westerlauwersk en East-Fryslân mei in ludike aksje de serieuze intinsje fan gearwurking tusken álle Fryslannen útdroegen. Se diene dat troch de besteande symboalyske grinspeal op te tugen mei

Lês it folsleine artikel
Tsientallen doarpen hawwe noch altyd min mobyl berik

Tsientallen doarpen hawwe noch altyd min mobyl berik

🕔08:05, 31.Oct 2016

Noch altyd binne der tsientallen doarpen yn Nederlân dêr’t ynwenners in protte problemen ûnderfine mei mobyl skiljen. Dat docht bliken út in publyksûndersyk troch de regionale omroppen en de NOS, dêr’t 23.000 minsken oan meidien ha. Ynwenners fan Drinte en

Lês it folsleine artikel
Tûzenen minsken protestearje yn Marokko nei dea fiskferkeaper

Tûzenen minsken protestearje yn Marokko nei dea fiskferkeaper

🕔07:50, 31.Oct 2016

Tûzenen minsken binne snein yn Marokko op ferskate plakken de strjitte opgien om te demonstrearjen nei de dea fan fiskferkeaper Mohsin Fikri. Fikri kaam freed om it libben doe’t er syn fisk, dy’t troch de plysje yn beslach nommen wie,

Lês it folsleine artikel
Spektakulêre opbringst keunstfeiling Museum Belvédère

Spektakulêre opbringst keunstfeiling Museum Belvédère

🕔07:40, 31.Oct 2016

De keunstfeiling ‘Frij nei Mankes’ fan Museum Belvédère hat in totaalbedrach fan 52.000 euro opsmiten. Twa tredde fan de oanbeane kavels is ferkocht. Fan de opbringst komt 42.000 euro te’n goede oan it museum, dat foarearst gjin strukturele oerheidssubsydzje ûntfangt.

Lês it folsleine artikel
Sa grutsk as in Italiaan op ús taal

Sa grutsk as in Italiaan op ús taal

🕔21:41, 30.Oct 2016

Op fakânsje yn Dútslân kocht ik iisko’s by in Italiaan. Wylst ik wakker dwaande wie mei myn bestelling yn sa geef mooglik Dútsk, reagearre hy just yn syn eigen taal. Mei safolle entûsjasme en taalgrutskens dat ik tocht, te deale,

Lês it folsleine artikel
Sintraal-Italië wer troffen troch swiere ierdbeving

Sintraal-Italië wer troffen troch swiere ierdbeving

🕔16:54, 30.Oct 2016

Sintraal-Italië is sneon op ’e nij troffen troch in swiere ierdbeving mei in magnitude fan 6,5. It episintrum fan de beving lei 68 kilometer súdeastlik fan de stêd Perugia, de haadstêd fan de regio Umbrië. De beving wie op in

Lês it folsleine artikel
Fiif minsken ferwûne by frontale botsing by Reduzum

Fiif minsken ferwûne by frontale botsing by Reduzum

🕔16:40, 30.Oct 2016

By in ûngelok op de N354 by Reduzum binne fiif minsken ferwûne rekke. Twa auto’s botsten frontaal opinoar. Twa bern rekken ferwûne. Dy binne der min oan ta, seit de plysje. In folwoeksene en in bern sitte noch beknypt. Helptsjinsten besykje

Lês it folsleine artikel
‘Studinteferienings Grins ferlieze bydrage as ûntgriening út ’e hân rint’

‘Studinteferienings Grins ferlieze bydrage as ûntgriening út ’e hân rint’

🕔16:35, 30.Oct 2016

Studinteferienings yn Grins dêr’t de ûntgriening út ’e hân rint sille dat yn ’e ponge fernimme. De Ryksuniversiteit Grins (RUG) sil betingsten stelle oan ferienings foar’t se yn ’e beneaming komme foar jild út it saneamde profilearringsfûns, melde boarnen. Ut

Lês it folsleine artikel
Hat elkenien om de wintertiid tocht?

Hat elkenien om de wintertiid tocht?

🕔12:39, 30.Oct 2016

                     

Lês it folsleine artikel