Werprintinge en oersetting ‘Mearkes út ’e Wâlden’ sammele troch Dam Jaarsma

septimber 28, 2016 15:41

logo Boekoankundiging

 

 

Op 28 septimber 2016 kaam de twadde printinge út fan it suksesfolle boek Mearkes út ’e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma. Tagelyk ferskynde de Nederlânske oersetting, Sprookjes uit de Friese Wouden.   mearkes-jaarsma-fries

Fryske kultuerhistoarje folop yn belangstelling
De earste útjefte fan it Fryske boek kaam yn 2014 út ta gelegenheid fan it hûndertste bertejier fan de Fryske skriuwer, dichter en folksferhalesamler Dam Jaarsma. It boek kaam ta stân troch gearwurking fan Tresoar mei it Meertens Instituut. De earste oplage wie yn in pear moanne útferkocht. Yn de Ljouwerter Krante sette Doeke Sijens it boek op it twadde plak fan it bêste Fryske Proaza 2014.

Oersetting
Nei it jubileumjier 2014 hold de fraach om it mearkeboek oan, sawol fan lêzers dy’t de ferhalen graach yn it oarspronklike Wâldfrysk lêze as fan lêzers dy’t de foarkar jouwe oan it Nederlânsk.

De oersetting is ta stân kommen troch de stipe fan de provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds. Under redaksje fan Jurjen van der Kooi sette Anne Tjerk Popkema it oer. De yllustraasjes binne fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn.

It boek is bedoeld foar jong en âld. It is gjin wittenskiplike útjefte (al wurdt de tekst oan de ein wol ferantwurde foar spesjalisten en ynteressearre minsken), mar in prachtich lês- en foarlêsboek, dat boppe-al in postume hommaazje is oan Dam Jaarsma.

Dam Jaarsma
Adam Aukes Jaarsma waard berne op 29 july 1914 yn Eastermar. Op de legere skoalle learde er Frysk skriuwen. Hy wie in goede learling en kaam nei in talittingseksamen yn de twadde klasse fan de Ryks-HBS yn Drachten. Dêrnei studearre er Teologie yn Grins.

Op fersyk fan de Fryske Akademy begûn Jaarsma yn 1948 mei it sammelen fan folksverhalen út de Fryske Wâlden. Dat die er earder ek al en dy publisearre er op eigen inisjatyf. Syn belangstelling gie út nei alderhande sjenres sa’t dy yn de mûnlinge oerlevering omgeane: bistemearkes, wûndermearkes, leginden en novellemearkes, dommeduvelferhaaltsjes en koartswilige ferhaaltsjes.

Jaarsma reizge op de fyts nei syn ynformanten, wat de prestaasje allinnich mar grutter makke. Foar syn wurk foar de Fryske Akademy krige er in bânapparaat ta syn foldwaan. Dat wie yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw noch in seldsum stik technyk. Yn 1963 waard er beleane mei de sulveren earepenning fan de Fryske Akademy en yn 1989 mei de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Meertens Instituut
sprookjes-dam-jaarsma-nederlands
Yn 1965 krige Jaarsma it fersyk fan de KNAW (Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen) om ek te sammeljen foar it Meertens Instituut, buro voor Volkskunde fan de KNAW. Tolve jier letter wiene fan de 32.000 ferhalen yn de databank fan it Meertens Instituut, sammele út hiel Nederlân, allinnich al goed 16.500 ôfkomstich fan Dam Jaarsma.

Stichting Dam Jaarsma bringt sûnt 2014 it (kultuer)histoaryske en wittenskiplike belang fan it wurk fan Dam Jaarsma ûnder de oandacht fan in breed publyk. De belangstelling foar folksverhalen is grut en hellet allinnich mar oan.

Gegevens boeken

Dam Jaarsma, Mearkes út ’e Wâlden (2e printinge)
ISBN: 978 90 5615 325 0, 280 siden, € 19,90

Dam Jaarsma, Sprookjes uit de Friese Wouden
ISBN: 978 90 5615 393 9,  280 siden, € 19,90

útj. Bornmeer

septimber 28, 2016 15:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*