Taalgids foar it Frjentsjertersk

septimber 7, 2016 20:05

Wa’t Frjentsjertersk leare wol, kin no teplak by de Taalgids foar ut Franekers. It boekje is makke troch Wim Aalberts mei stipe fan it Genoatskap foar ut behoud van ut Franekers. Moandei waard it boek presintearre oan wethâlder Caroline de Pee fan ‘e gemeente Frjentsjerteradiel.

Mei’t Frjentsjerteradiel yn 2018 opgiet yn de fúzjegemeente Waadhoeke, wol it gemeentebestjoer no noch wat ûndernimme oan de Frjentsjerter fariant fan it Stedfrysk te stypjen. Der wurdt op it stuit ek wurke oan in wurdboek fan it Frjentsjertersk en de gemeente wol skriuwwedstriden en in diktee yn de stedstaal organisearje.

 

De Fryske stedsdialekten binne yn de 16e ieu ûntstien. De Fryske stêden kamen doe ûnder Saksysk en letter ûnder Spaansk bestjoer. Der kamen doe in protte bestjoerders út Hollân en Dútslân yn Fryslân, dy’t it Frysk net machtich wiene. It Frysk waard doe as offisjele taal ynruile foar it Hollânsk. Ut dat Hollânsk hawwe de hjoeddeiske dialekten fan ‘e Fryske stêden har ûntwikkele.

septimber 7, 2016 20:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.