Plysjeferhoar kin effisjinter
Resint ferskynd
troch Tjalling van der Goot
Sûnt dit jier is tastien dat fertochten dy’t troch de plysje ferheard wurde, bystien wurde troch in abbekaat. In tige wichtich rjocht foar eltse fertochte. It draacht by ta in soarchfâldich en earlik proses. De lêste tiid sit ik dus út en troch neist myn kliïnt by de plysje.
Fansels bin ik bliid mei it krekt beskreaune rjocht, hoewol’t dat rjocht yn ús praktyk wol foar dreech tinkwurk soarget om’t it plysjeferhoar net altiten yn it foar fêststeld is en de aginda fan in abbekaat meastentiids grôtfol is. Wy moatte faak ris skowe mei sittingen en ôfspraken om by it ferhoar wêze te kinnen. Hawar, dat praktyske puntsje kinne wy wol oplosse. It rjocht is moai, mar tagelyk sjogge wy dat de begrutting fan justysje swier ûnder druk stiet. Besunigingen yn de finansiere rjochtshelp, by it Iepenbier Ministearje, de rjochtbanken en hôven en by de plysje. Oer dy lêste groep wol ik it hawwe. Ik wol myn frustraasje mei jo diele.
Ik lit my no net út oer de kwaliteit fan de opspoaring mar suver en allinne oer de kwaliteit fan dy organisaasje. Wat foarbylden.
Ik bin dermei opholden om taalflaters yn de ferklearring fan de kliïnt derút te fiskjen. “U bedoeld”, “ik wordt”, it is in griis. D’s en t’s en in skala oan oare taalflaters. It liket wol oft de measte plysjeminsken de Nederlânske taal net goed yn ’e macht hawwe. Fansels binne der ek plysjeminsken dy’t it goed dogge, mar dat is spitigernôch in grute útsûndering. It jout in suterich oansjen as jo ferklearingen lêze of in proses-ferbaal trochwrotte. It liket sa oft de plysje der net in protte oandacht oan jûn hat. Fan rjochters hear ik faak dat se harren steure oan it fodderige taalgebrûk fan de plysje yn in proses-ferbaal. Dat kin dus better. Hja soene dus wat my oanbelanget mear tinke moatte om kennis fan de Nederlânske stavering en grammatika by it oannimmen fan nije plysjemeiwurkers. Of jou geregeld in taalkursus om it nivo omheech te krijen.
Dêrneist wurdt by in ferhoar fan in fertochte troch ien fan de (meastal twa) plysjeminsken de ferklearring op de kompjûter typt. Mar type kinne de measte plysjeminsken mar mei twa fingers. En dan ek noch hiel stadich. As de plysje-organisaasje no eltse meiwurker by de plysje ferplichtsje soe om een typkursus te folgjen, soene de ferhoaren by de plysje folle gauwer ôfrûn wêze. Dat leveret jild op. En tiid, dy’t dan wer brûkt wurde kin foar oar plysjewurk. Ik begryp wier net dat sa’n eask no net steld wurdt.
De ôfrûne tiid fernim ik – as ik by in ferhoar fan in kliïnt oanwêzich bin – dat kompjûters faak fêstrinne, dat printers net doge of (noch) net oansletten binne op de kompjûter dêr’t de ferklearring yn stiet, dat it systeem fêstrint ensfh. En soms bin ik kreas op it ôfprate tiidstip op it buro, mar dan moat de plysje de kompjûter noch opstarte en alle oare formaliteiten noch dwaan. It komt foar dat it ferhoar dêrtroch pas oardel oere letter begjint as oankundige wie.
It liket in kleisang. Dat is it net hielendal. Ik haw nammentlik respekt foar it plysjewurk yn soms drege situaasjes. It giet my no net oer de opspoaring, mar oer it op papier setten fan dy opspoaring. Sjoch it as meitinken hoe’t de organisaasje effisjinter kin. Dat is net allinne goed foar de plysje, mar ek foar de oare dielnimmers oan in strafproses en lang om let foar de hiele mienskip.
Interessant om in kear efkes mei te sjen mei it wurk fan in abbekaat.
Oplossing:
In typkursus en lessen ( Nederlāns) spelling .
Computers as hulpmiddel net as ballast sjoch ek yn de soarch en it underwiis.
Sukses en groetnis ut Assen.