Personiel Ierske kroech mei gjin Iersk prate

septimber 10, 2016 01:28
Cormac Ó Bruic

Cormac Ó Bruic

“Dit in Ingelsktalich bedriuw”, krige Cormac Ó Bruic fan syn baas te hearren. De Iersktalige barman wurke sûnt acht moanne by de kroech The flying enterprise yn Cork. Mei kollega’s en klanten dy’t graach Ingelsk praten, prate er Ingelsk, mei minsken dy’t leaver Iersk praten, prate er Iersk. Dat wie kroechbaas Finbarr O’Shea net nei it sin.

Ierlân is fan oarsprong Iersktalich. De Keltyske taal Iersk wurdt noch mar troch in lyts part fan ‘e Ierske befolking as memmetaal praat. Yn in pear gebieten is it noch de deistige omgongstaal, mar dy saneamde Gaeltacht-doarpen foarmje in minderheid. De Ingelsktalige mearderheid leart it Iersk wol op skoalle, mar brûkt it amper.

Soms efkes Iersk

Ó Bruic fertelt foar it Ierske radiostasjon Raidio na Gaeltachta dat er mei in Iersktalige kollega dy’t in âld-doarpsgenoat wie geregeld efkes Iersk prate. Der wiene ek in pear Ingelsktalige kollega’s dy’t graach har Iersk ferbetterje woene. Mei harren prate er soms ek Iersk.

Dien nommen

Doe’t syn wurkjouwer him ferbea om tenei wer Iersk te praten, ferpofte Ó Bruic dat neffens syn eigen sizzen planút. Syn baas waard sa lilk, fertelt er, dat er begûn te razen en op ‘e tafel te huffen. Foar Ó Bruic wie dat reden om dien te nimmen. “Ik wurkje net foar ien dy’t my ferbiedt om Iersk te praten”, sei er.

“Ingelsk is it ferstannichst”

Yn in skriftlike reaksje oan it radiostasjon docht it bestjoer fan The flying enterprise te witten dat se it net kreas fine dat Ó Bruic yn ‘e parse oer it bedriuwsbelied praat, dat it skeel mei Ó Bruic net oer de Ierske taal gean soe en dat de oare personielsleden fan de kroech wol begripe soene dat “Ingelsk op ‘e wurkflier de ferstannichste en handichste taal is om te praten”.

“Kwestje fan gastfrijheid”

Eigner O’Shea heakke dêr foar de radio mûnling oan ta dat elkenien op ‘e wurkflier beskate klean oan hawwe moat en dat it praten fan deselde taal wat ferlykbers is. “In kwestje fan gastfrijheid”, neamde er dat. Hy sei fierders dat bûtenlânske meiwurkers ek Ingelsk prate moasten en dat Iersk gjin útsûnderingsposysje fertsjinne, om’t “wy úteinlik allegear Europeanen binne”. Neffens O’Shea wie de reden dat Ó Bruic oansprutsen waard op syn Ierskpraten dat klanten klage hawwe soene dat se net ferstiene wat it personiel yn it Iersk ûnderling beprate.

Protestaksje

Ut protest tsjin it belied fan The Flying Enterprise organisearret de taalbewegingsorganisaasje Conradh na Gaeilge freedtejûn in demonstraasje foar de yngong fan de kroech. De organisaasje ropt de polityk op om taaldiskriminaasje op it wurk strafber te stellen.

septimber 10, 2016 01:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*