Knappe debútbondel kin it sûnder it Ingelsk ôf

septimber 26, 2016 20:00


fan Reade triedleas/Red wireless

 

De bondel Reade triedleas/Red wireless fan Sigrid Kingma leit al in pear wike op de boekeplanke ûnder ús foartafel. In besprek fan dy twatalige bondel skriuwe, dat wie krekt wat foar my, tocht ik. Want yn ’e hûs prate wy Ingelsk en Frysk, en sûnt koart set ik ek oer nei it Ingelsk. Mar it falt noch net ta. Net om’t der gjin moaie Fryske gedichten yn de bondel steane – krekt oarsom, der steane in pear knappe gedichten yn, mar om’t ik de mearwearde fan de Ingelske oersetting net sjoch. Reade triedleas wurket net yn it Ingelsk. Mar it duorre efkes foar’t ik begriep wêrom net.

Dizze debútbondel giet oer ferbiningen, of krekter sein it ûntbrekken dêrfan en de iensumens dy’t dat opsmyt. De bondel bestiet út twa skiften fan elk fyftjin gedichten. It twatalige gedicht ‘Centerfold’ stiet letterlik yn it midden fan de bondel en ferbynt it Fryske mei it Ingelske diel. De foarmjouwing is sa keazen dat de Frysk- en Ingelsklêzer beide oan ien kant fan de bondel begjinne om inoar yn Centerfold tsjin te kommen. De yllustraasjes op it omslach en yn de dichtbondel binne fan de dichteresse sels.

It earste skift, ‘Reade tried’, liedt de lêzer by de inerlike wrâld lâns fan in observearjende ik-persoan dy’t ‘siket nei ienheid’, mar oeral ‘triedleaze ferbiningen’ sjocht: ‘polstok wurdt selfiestok’ (moai Frysk foar selfie stick!). Yn de twadde helte, ‘In oare tried oansette’ steane eksperimintelere gedichten en skept de fertel
ler mear ôfstân tusken harsels en dat wat ferteld wurdt. Soms yn de foarm fan taalgrapkes (‘Fers op rolle’), soms ek mei help fan yllustraasjes dy’t it ferhaal mei fertelle (û.o. yn ‘Centerfold’). Hjir fine we minder gedichten yn de ‘ik’-persoan.

De measte observaasjes binne werkenber: meipassazjiers op it stasjon dy’t inoar net mear sjogge, want se binne ‘betsjoend troch glimkjende gleskes’, facebookfoto’s dy’t in eigen wierheid skeppe, deabliedende leafde, ferhúzje en opnij begjinne moatte, gjin foarrang krije/nimme, fytse en kuierje troch it Fryske en Grinslanner lânskip. Mar der binne ek situaasjes dy’t de measte lêzers net út eigen ûnderfining kenne sille: bloedtransfúzjes, in langer ferbliuw yn it sikehûs en eangst om net better te wurden.
‘Reade tried’ befettet in pear sterke gedichten. ‘Deade blommen’ bygelyks, oer in bosk tulpen:

‘Blommen krige ik fan myn leafste
in tulpeboskje dat ik yn twa faaskes splitste
faaskes fan beppe mei grimelrântsjes
de kopkes stutsen it fjoer oan
wylst iisblommen op ’e ruten stienen’

Tulpen as metafoar foar de leafde, dat kin net goed ôfrinne. Dat spaningsfjild is moai werjûn troch it perspektyf te beheinen ta de blommen: ‘…mar myn blommen ferklommen/de folle lippen ferskrompelen’.

In oar knap gedicht is ‘flechtsje’ dat handich hinne en wer skeakelet tusken doe-tiid en no-tiid:

‘Wy ferhuzen nei in oare pôle
yn it gers by de beam yn ’e wâl
fyn ik noch gjin klaverfjouwer
en klaverfiif is al te mâl
de ruskepôlen steane knibbelheech
flechtsje wol ik, mar it giet sa dreech
sa fluch en maklik gie it doe’

Kingma sketst net, mar fertelt ferhalen mei in begjin en in ein. De gedichten kinne dêrtroch ek prima los faninoar lêzen wurde. It iene gedicht streamt ritmysk better troch as it oare. Sa stûket it ritme neffens my bygelyks yn de tredde regel fan it earste kwatryn fan ‘Op it strân fan Amelân’. Yn stee fan ‘as ien út de túnbroek strûpt’ hie ik hjir ‘as ien dy’t út de túnbroek strûpt’ ferwachte. By gedichten yn praat-styl is it prima dat net alle regels like folle wurdlidden telle, mar by hiele grutte ferskillen (lykas yn it gedicht AFK – neffens Google gametaal foar ‘Away From Keyboard’) stroffelet de lêzer dan wol. Miskien dochs wat mear slypje en nochris slypje, sadat de moaie fynsten dy’t der genôch binne (bygelyks yn Transfúzje: ‘stie niis in toer nei my te loeren’ ) better út de ferve komme.

Dichteresse, oersetter en útjouwer sille grif hoopje dat ek Ingelske lêzers Reade triedleas/Red Wireless lêze. Mar hoe fine Ingelsklêzers dizze bondel? En docht de oersetting rjocht oan it orizjineel? Om dy lêste fraach te beantwurdzjen, ik tink fan net. Gean der mar oan stean: hoe bygelyks dogge je yn de oersetting rjocht oan in punt dy’t yn de folgjende fersregel dochs gjin punt blykt te wêzen. ‘Oan de reade tried is it útsjoch bepaald/feroarlik sa’t it grien oerhearskjend liket.’ (‘Transfúzje’) Yn it Ingelsk waard dat: ‘Looking at the red thread the view’s quite/changeable as the green seems to prevail.’ Ek moai, mar de ambivalinsje fan bepaald (stop) feroarlik (troch) is fuort.

Mear swierrichheden leveret it eksperimentele gedicht ‘Fers op rolle’ op. It is dan ek foar it grutste part net oerset. De assosiaasjes dy’t Frysklêzers hjir úthelje kinne, geane ferlern – mar kinne ek net oerset wurde. Besykje mar ris ien te folgjen dy’t yn in frjemde taal wat fertelt wylst er syn tosken poetst. In fers as ‘Rudimintêr’ wurket yn it Frysk goed troch de mantra-eftige werhelling (‘Dêr’t de tûken/fan ’e beammen/fan ’e bosk/rikten/ta de wite wolken’). Yn it Ingelsk is dy werhelling der minder: ‘Where the branches/of the trees/in the woods/reached/to the white clouds’. It is net sa dat der gjin moai Ingelsk stiet yn Red wireless. Mar taalgrapkes en moaie fynsten geane yn de oersetting ferlern, wylst de bondel dêr yn it Frysk krekt sa aardich troch is.

Reade triedleas/Red wirelesse is net ‘faultless’. De foarmjouwing hie strakker en moderner kind, benammen yn de illustrearre gedichten. En wat dy poëzij sels oangiet: benammen yn it ritme kin Kingma as dichteresse neffens my noch winst behelje. Mar foar in debút is it in knappe samling, dy’t in moai byld sketst fan in jonge frou en de fermiddens dêr’t se har yn ophâldt en har mei besiket te ferbinen. Spitich dat dy haadpersoan yn de Ingelske oersetting – foar my alteast – op de eftergrûn rekket. Of wol soks no krekt sizze dat iksels yn it foarste plak Frysk en pas folle letter Ingelsk bin?

Joke Corporaal

 

Sigrid Kingma, oersetting: Trevor Scarse
Reade triedleas/Red wireless
ISBN 978-90-8566-042-2, 82 siden, € 15,00
Frysk en Frij Utjouwerij 2016

septimber 26, 2016 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sigrid oktober 3, 15:03

    In earlik en nuttich besprek. Tige tank, Joke Corporaal!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.