Ken Ho (23) út Hongkong wol him ynsette foar it Frysk
Resint ferskynd
Ken Ho (23) út Hongkong wol sa gau mooglik it Frysk leare. Dêrfoar hat er syn freon, de Ljouwerter Dyami Millarson (22), ynskeakele. Hy rette him yn syn thússtêd Hongkong yngreven ta troch de Nederlânske kultuer, taal en wensten te bestudearjen. Ho makke earst syn bachelor-oplieding Minderheidstalen yn Hongkong ôf en kaam yn juny nei Ljouwert. “Ik haw yn trije moanne tiid Nederlânsk leard. Dat haw ik dien om’t ik ek leare wol om de Fryske taal te sprekken, te lêzen, nei te harkjen en te skriuwen.”
Wêrom’t de ynwenner fan Hongkong leare wol om Frysk te sprekken, is neffens him hiel ienfâldich. It twatal is bang dat Sinezen en Nederlanners ferjitte dat der ek in wichtige twadde taal bestiet yn harren lannen. Ho: “It Frysk is in bedrige taal. Ik sjoch in ferliking mei de situaasje mei it Kantoneesk, myn memmetaal. Minsken yn Sina hawwe in foarkar foar it sprekken yn Mandaryn.”
Millarson, dy’t gjin Frysk praat, en Ho wolle no tegearre yn trije moanne tiid it Frysk ûnder de knibbel krije. “Wy wolle minsken bewuster meitsje fan de Fryske taal”, fertelt Millarson. “En wêrom’t it wichtich is dat de taal bestean bliuwt.” Mar inkeld Frysk is net genôch foar de twa. Hja wolle ek Hylpersk, Skiermûntseachsk en twa Skylger dialekten, Aastersk en Westersk, behearskje. Ein septimber giet Ho werom nei syn wenplak. Dêr wol er it Frysk fierder bestudearje. “Wy moatte net ferjitte dat it Frysk in tige âlde taal is. Wol 2000 jier âld.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje