Fryske oersetting fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings

septimber 21, 2016 19:23

Liuwe Westra hopet op freed 11 novimber it twadde diel fan syn Fryske oersetting fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings te presintearjen. De tekst fan ’e oersetting is klear, allinnich alle jild foar de útjefte is noch net byinoar swile.

Westra hat it wurk fan Tolkien tige heech, mar sjocht ek it belang fan de oersetting foar Fryslân. In taal hat ferlet fan geve en rike teksten, dêr’t net allinnich sprektaal en humor, mar ek bysûndere wurden en útdrukkingen, dy’t faak de skientme fan ’e taal útmeitsje, in plak yn hawwe. Gjin dreechskriuwerij om de dreechskriuwerij, mar wol in natuerlik brûken fan in sa breed mooglik spektrum. Just yn it Frysk krije minsken faak mar in hiel smel partsje fan ’e folsleine taalrykdom te sjen en te hearren, en Westra hopet dat de tsjoen fan Tolkien syn skitterjend ferhaal de lêzers meifiert nei de skatkeamers fan ’e Fryske taal. Hjirûnder in lyts priuwke út it begjin fan it boek.

Aragorn wifke. Hy woe stomme graach sels op ’e hege sit ta, yn ’e hope om dêr wat te sjen dat him yn alle ûnbegryplikheden wat fierder bringe koe; mar de tiid dreau. Ynienen spatte er fan ’t stee, en draafde er nei de top, oer de grutte platte stiennen hinne, en by de treppen op. Mei’t er him op ’e hege sit delsette, seach er om him hinne. Mar de sinne like wol fertsjustere, en de wrâld skier en mar fierôf. Hy draaide út it noarden wei en wer nei it noarden ta, en seach neat útsein de hichten dêrjinsen, of it moast wêze dat er fier fuort wer in grutte earneftige fûgel heech yn ’e loft sjen koe, dy’t stadich yn wide rûnten omleech saaide nei de ierde.
Wylst er noch om him hinne kuerde, heinden syn skerpe earen lûden op yn it bosklân ûnder him, oan ’e westkant Revier. Hy ferstive. Der klonken gjalpen, en dêrûnder koed er, ta syn ôfgriis, de rauwe stimmen fan Oarken ûnderskiede. Doe blies ynienen, mei in djip kiellûd, in grutte hoarn, en syn hompen sloech tsjin ’e heuvels en wjerklonk yn ’e delten, oant it yn in machtich balten boppe it bolderjen fan ’e wetterfal út kaam.
“De hoarn fan Boromir!” rôp er. “Hy is yn need!” Hy stode by de treppen del en dêrwei, by it paad del ljeppend. “Och heden! Miswier treft my hjoed, en alles wat ik doch brekt my by de hannen om ’t ôf. Wêr is Tabe?”
Wylst er draafde, waarden de gjalpen lûder, mar minder klear no en wanhopich blies de hoarn. Fûl en skel klonk it razen fan ’e Oarken, en ynienen holden de hoarnsinjalen op. Aragorn brûsde de lêste skeante del, mar ear’t er de foet fan ’e heuvel berikke koe, swûnen de gelûden wei; en doe’t er lofts om bûgde en derop ta draafde, trieken se tebek, oant er se op it lêst net mear hearre koe. Wylst er syn blinkend swurd loek en rôp fan Elendil! Elendil! batste er troch de beammen.

Wa’t de útjefte bestelle wol of oars mei in lyts dofke skewiele, kin terjochte op de webside www.frysketolkien.nl (Frysktalich) of www.voordekunst.nl. Donaasjes kinne dien wurde op ’e link

https://www.voordekunst.nl/projecten/4834-tolkien-lotr-ii-yn-it-moaiste-frysk-1

septimber 21, 2016 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.