Frysk is net fanselssprekkend!

septimber 20, 2016 22:10

Yn de LC fan sneon 17 septimber stie in stik mei as kop ‘Stichting bepleit peiling over betrokkenheid Friese taal’. Dat stik is fierder prima, mar in oanfolling is wol fan belang. De stichting Brede Maatskiplike Diskusje Frysk, dêr’t op doeld wurdt, wol gjin peiling, mar in goed Fryslân-breed petear oer de takomst fan it Frysk. Wat is it Frysk ús wurdich? Hechtsje de ynwenners fan Fryslân deroan om de taal yn libben gebrûk te hâlden en wolle hja dêr sels ek muoite foar dwaan?

It wurd ‘peiling’ hat anno 2016 foaral de betsjutting dat minsken even frege wurdt wat se derfan fine. Dêr lient dit ûnderwerp him net foar. It Frysk giet yn kwaliteit en omfang yn kûgelsfeart efterút. Tagelyk wurdt it troch hûnderttûzenen minsken noch deistich brûkt. De rappe tebekgong falt de measten dêrtroch net op.

It krantestik fan sneon hat ek in soad oandacht foar in faaks negative útkomst. Dêr binne wy as BMD’ers fansels net op út. Der moat soarchfâldich oer de takomst fan de taal praat wurde, en by de petearen moat der goede, objektive ynformaasje jûn wurde. Wat is derfoar nedich dat de taal bliuwe kin? Dan giet it net allinne om oerheidsbelied, mar alderearst oer de ynset fan ynwenners fan Fryslân en harren persoanlik taalgedrach. It kin net sûnder in aktive taalhâlding.

Guon minsken binne benaud dat it yn dy petearen dúdlik wurde sil dat de measte Friezen it moai fine dat de taal der is, mar dat se it tagelyk net sa slim fine sille as it Frysk oer twatrije generaasjes amper mear yn libben gebrûk is. En dat dus de oerheid minder jild útlûke sil foar allerhanne aktiviteiten ta befoardering fan it Frysk.

Wy fan de BMD ferwachtsje dat it krektoarsom wurkje sil. Wannear’t grutte groepen Friezen har realisearje wat in prachtige rykdom wy hawwe mei ús eigen regionale taal, sil de belutsenens allinnich mar tanimme. De wil om jin persoanlik yn te setten foar it fuortbestean fan de taal sil grutter wurde. Minsken sille it Frysk bewuster en frekwinter brûke. Dat motivearret de oerheid (en bygelyks minsken yn it ûnderwiis) om it plak fan it Frysk yn it iepenbiere libben te fersterkjen.

Wy freegje no oan de Steaten fan Fryslân: jou ús in kâns om it BMD-plan soarchfâldich ta te ljochtsjen. Dizze wike sil it Steatepresidium dêroer teset!

Frâns Kuipers en Willem Verf, foarsitter en skriuwer stichting BMD-Frysk

 

It oanhelle krante-artikel:

septimber 20, 2016 22:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.