42e Fryske Bûsboekje is út

septimber 23, 2016 19:03

bbOankundiging

It nije Fryske Bûsboekje is út! Dit jier is it tema Film yn Fryslân. In ûnderwerp dat yn Fryslân libbet. It Fries Film Circuit bestiet al sûnt de jierren santich en hat ûnder oare laat ta it ûntstean fan filmhuzen en it Fries Film Festival (no: Noordelijk Film Festival). Yn 1985 ferskynde De Dream, de earste echt Fryske spylfilm, fan Pieter Verhoeff.

Hjoed-de-dei is der wer in protte posityfs te melden. Projekten as ‘48 hours’ jouwe jonge kreatyf talint in kâns op it ynternasjonale toaniel. Der is sprake fan in bysûndere bondeling fan krêften út literatuer, teater, muzyk en film. Dat is in trochbraak, in momint fan emansipaasje fan in lytse regio dy’t syn eigen taal, kultuer, skiednis en kreatviteit op ’e kaart sette wol. En wêrom ek net. IIslân hat bygelyks minder ynwenners as Fryslân, mar slacht foar master op.

Presintaasje
Woansdei 28 septimber fan 17.00 oant 18.00 oere wurdt yn Teater Slieker oan it Saailân te Ljouwert in koarte presintaasje holden. It earste Bûsboekje 2017 sil dan oerlange wurde oan in pommerant. Syds Wiersma fan it Frysk Film Argyf fertelt oer de unike ynhâld fan it Bûsboekje. Anne Feddema draacht syn nije FilmFers foar. Dêrnei wurdt in kompilaasje sjen litten fan de earste Fryske film ‘Kar út Twa’ (1937).

De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Sûnt doe hawwe frijwilligers alle jierren derfoar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan de Fryske Beweging. Yn it Bûsboekje 2017 stiet in unike bydrage fan Syds Wiersma fan it Frysk Film Argyf.

Fan it Bûsboekje 2016 (tema: suvel) binne der 3700 stiks ferkocht. Yntusken is it Bûsboekje 2017 troch frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. It leit yn ’e kroade fan de Sutelaksje dy’t wer nij libben kriget. Op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje ek te keap, en fia it webstek kin besteld wurde www.bûsboekje.frl.

 

septimber 23, 2016 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.