Wer twa neiskokken yn Italië

augustus 29, 2016 09:04

De ierde yn Italië beweecht mar troch. Snein binne der wer swiere neiskokken field, wêrûnder ien mei in krêft fan 4.4 op de skaal fan Richter. Underwilens wurdt yn it plakje Amatrice noch socht nei slachtoffers.

Om 18.00 oere hinne waard in swiere neiskok field yn de omkriten fan Amatrice. Earder sneintemiddei wie dêr ek in skok te fielen fan 3.7 op de skaal fan Richter, skriuwt ûnder oare de Italiaanske krante Corriere della Sera.

Bergingswurkers hawwe snein noch trije lichems fûn ûnder it pún yn Amatrice. De brânwacht is dwaande om dy lichems te bergjen. Sneon waarden ek noch trije deaden fûn. It is ûndúdlik oft dy seis slachtoffers meiteld binne yn it deadetal, dat oant no ta op 190 stie. Neffens rûzing binne der noch sa’n tsien minsken út it doarpke spoarleas. Yn it grutste part fan it ierdbevingsgebiet is it rêdingswurk staakt, mar yn Amatrice wurdt noch socht.

Fyftich miljoen foar weropbou
Premier Matteo Renzi hat fyftich miljoen euro tasein foar de weropbou fan de troffen plakken. Hy luts ek de belestings yn foar de bewenners en kaam mei in inisjatyf om Italiaanske huzen ierdbevingsbestindiger te meitsjen.

augustus 29, 2016 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.