Twadde Fryske TEDx-edysje in Snits

augustus 31, 2016 20:17

Op 29 septimber komt TEDxFryslân 2016 yn Teater Snits! De Fryske edysje fan it ynternasjonale barren dêr’t de dielnimmers inoar ynspirearje troch ideeën út te wikseljen. It tema dit jier is ALL ABOUT ME, mar gjin noed: dat is út noch yn net sa eigenikkich as it klinkt. Wa’t syn eigen driuwfearren en talinten ken, kin pas meidwaan oan it grutte gehiel fan ús mienskip. Us ferhalefertellers litte sjen dat der sûnder ‘ik’ gjin ‘ús’ is. Dêrom: ALL ABOUT ME.

Der is in nijsgjirrige list fan mar leafst tolve sprekkers mei oandwaanlike, betiden ‘skokkende’ en mear noch ynspirearjende TEDtalks. Wat te tinken fan topatleet Herre Zonderland dy’t syn ‘wrakseljen’ mei it publyk diele wol om nei fyftjin jier topsport wer it libben fan in ‘gewoane’ boarger te libjen. En Anne Peetoom, selsstannich ûndersiker, ferhaleferteller en sjoernalist by ûnder mear de NOS, NTR en Avro. Sy fertelt oer har ûndersyk nei de ympekt fan Het Internet of Toys. Hoe feroarje ‘connected toys’ it boartsjen fan bern, en hokker digitale feardigens hawwe de âlden nedich om dat te begelieden? En Laura F. Darlington, berne yn Kuala Lumpur en tein yn Nederlân is heal Nederlânske en heal Maleisyske. Sy fertelt oer har sykjen as MS-pasjint nei de ‘held yn harsels’.

De hiele dei reservearje 
It programma op 29 september yn Teater Snits begjint om 08.00 oere mei de ynskriuwing en einiget om 17.00 oere mei in sûpke. Tuskentroch wurdt sawol de geast as it lichem fuorre mei in ûnferwacht programma en poerbêste lekkere dingen. Mei as iennichst doel om te ynspirearjen. It effekt is it bêste as de hiele dei reservearre is en de dielnimmmers folslein yn beslach nommen wurde troch wat der sein wurdt en troch alle oare ûnderfiningen. De tagongskaart is 100 euro. Mar je hoege neat te beteljen, want ynspiraasje moat fergees wêze.

Der ek by wêze
Yn skriuwe moat op www.tedx.frl/register. Dêr is boppedat al in foarpriuwke fan de ferhalefertellers te finen. Derby wêze en meidwaan as frijwilliger en part útmeitsje fan de TEDxFryslân community, kin ek. Wa’t dat wol meldt oan op www.tedx.frl/join-the-team.

augustus 31, 2016 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.