Seks en religy

augustus 19, 2016 12:13

Der hat altyd wat in frjemde ferhâlding west tusken seks en tsjerken. Neffens my komt dat, om’t religys altyd passe moasten yn de maatskippij dêr’t se yn opkamen. En dan is it dúdlik dat de âlde mantsje-aap nei foarren komt: in protte neikommelingen jout grutte macht en oansjen, oant yn ’e himel. Dêr kinne jo gjin ûndúdlike fragen oer ‘faderskap’ by brûke. Dêrom ôfwizing fan seks foar it houlik.
In twadde reden sil wêze dat jo op ierde gjin himelske gefoelens hawwe meie, dus: seks is der allinne om bern te krijen. Foarbehoedsmiddels waarden dêrom ek ôfwiisd.

It sil dúdlik wêze dat homofily yn dit stik fan saken fûl ôfwiisd waard; der koene ommers gjin bern fan komme! Boppedat sil wol tocht wêze dat hetero-soannen sa ek homo wurde koene en sa as neiteam ferlern wiene. Yntuskentiid hawwe goede skriuwers ús leard dat it by homo’s ek om echte leafde gean kin en net allinne om plat fermaak. En homo’s binne der ek net foar neat: yn earmere kriten wurken heit en mem op it lân en paste in net-troude muoike op ’e bern. Net-troude omkes wiene ymker of diene timmerwurk.

pyt

augustus 19, 2016 12:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute augustus 19, 21:05

    Aardige iepening foar wat
    as ien fan de ferhaallinen oer seks en religy yn de roman ‘ Klaaibeien út Tunawert’ ynformatyf en spannend beskreaun is. Mei ferwizingen nei boarnen te finen yn ‘ e Bibel. It boek is noch wol tekeap by de Spar yn Ternaard

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.