Rûnliedings Adema-útstalling yn Pier Pander Museum en Tresoar

augustus 29, 2016 08:51

Op tongersdeitemiddei 1 septimber organisearje it Pier Pander Museum en Tresoar rûnliedings by de útstalling Heit van Ús Mem, G.J. Adema (1898-1981), schilder en beeldhouwer del. Dy rûnliedings sille fersoarge wurde troch Karin en Ger Adema, soan en skoandochter fan Gerhardus Adema en troch Ed Schweigmann, âld buorjonge en mei-inisjatyfnimmer fan de útstalling.

De rûnliedings begjinne om 13.00 oere en om 14.30 oere. Der is romte foar 60 persoanen. Nei ôfrin is der kofje en tee yn Tresoar. It meidwaan is fergees, mar de dielinmmers moatte harren wol oanmelde fia ynfo@tresoar.nl, of 058-7890792 / 058-7890740 en dêrby oanjaan hokker tiidstip haaren foarkar hat.

Boarne: www.tresoar.nl

augustus 29, 2016 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.