Nij telefyzjeprogramma leit Fryske skatten bleat

augustus 31, 2016 12:45

Stille skatten

De depots fan de Fryske musea lizze grôtfol mei skatten dy’t besikers nea te sjen krije. Dy ‘Stille skatten’ binne fan 5 septimber ôf te sjen yn in nij telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. Presintatrise Miranda Werkman fertelt: “Der is sa’n soad te sjen en te belibjen. Al dy skatten fertelle wa’t wy binne en wêr’t wy weikomme’’.

Miranda Werkman giet by ferskate Fryske musea lâns om yn de depots te sneupen. Dêr dûkt se yn it Fryske erfgoed en de Fryske kultuer om de stille skatten fan Fryslân bleat te lizzen. Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze dy dêrop te wachtsjen. “Yn it Planetarium yn Frjentsjer mocht ik it orizjinele wiskundeboek fan Eise Eisenga oanreitsje. Yn Harns it swurd fan de beul. Tichterby it ferline kinst net komme’’, seit Miranda.

De earste ôflevering, dêr’t Museum Dr8888 sintraal yn stiet, is fan moandei 5 oant en mei freed 9 septimber te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje as foarpriuwke fan de searje. Fan tongersdei 15 septimber ôf sil Stille skatten alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen wêze.

Stille skatten:
5 oant en mei 9 septimber: alle dagen om 18.45 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.
Fan 15 septimber ôf: alle tongersdeis om 18.45 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.

Data en musea:
• 15 septimber: Temapark De Spitkeet, De Harkema
• 22 septimber: Botanyske tún De Kruidhof, Bûtenpost
• 29 septimber: Kazemattenmuseum, Koarnwertersân
• 6 oktober: Museum Joure, De Jouwer
• 13 oktober: Gemeentemuseum It Hannemahûs, Harns
• 20 oktober: Frysk Lânboumuseum, Earnewâld
• 27 oktober: Eise Eisinga Planetarium, Frjentsjer

Dêrnei bringt it programma Stille skatten in besite oan njoggen oare musea om stille skatten te ûntdekken.
• It Fries Museum, it Natuermuseum en it Keramykmuseum Princessehof, Ljouwert
• Flechtmuseum, Noardwâlde
• Museum Martena, Frjentsjer
• Museum Heerenveen, It Hearrenfean
• Museum Belvédère, It Oranjewâld
• Jopie Huisman Museum, Warkum
• Frysk Skipfeartmuseum, Snits

augustus 31, 2016 12:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.