Net allinne mar Ingelsk yn it heger ûnderwiis

augustus 27, 2016 18:02

Troch Henk Wolf

It heger ûnderwiis yn Nederlân wurdt yn rap tempo Ingelsktalich. Der is wol wat ferset, mar dat is net heel oertsjûgjend en it set gjin seadden oan ‘e dyk. Ik ha der om ferskate redenen beswier tsjin.

Ynternasjonalisearring en feringelsking binne twa ferskillende dingen

‘Ynternasjonalisearring’ is in belangryk beliedspunt op in soad universiteiten en hegeskoallen. Dat liket my in goede saak ta: wa’t praat mei minsken út oare lannen, docht mear nije ideeën op as wa’t allinne mei lânslju praat. Mar ‘ynternasjonalisearring’ betsjut faak dat je presys itselde ûnderwiis jouwe as foarhinne, mar dan yn it Ingelsk. Ynternasjonalisearring kin yn elke taal dy’t je wollle, ek yn it Nederlânsk en ek yn it Frysk.

De wittenskip is net folslein Ingelsktalich

Okkerdeis sei in wurdfierder fan in Nederlânske universiteit dat de wittenskip no ienris in fiertaal nedich wie en dat dat Ingelsk wie. Dat fyn ik in nuvere redenaasje. Fansels is it Ingelsk in belangrike fiertaal fan de wittenskip, miskien wol de alderbelangrykste. Yn ‘e bêtawittenskippen is it grif de alderalderbelangrykste. Mar yn ‘e letteren waard oant foar koarten yn safolle talen skreaun. Al dy steapels Nederlânsktalige taal- en letterkundige artikels wurde no al amper mear brûkt yn it ûnderwiis, omdat dat Ingelsktalich wêze moat. In grut part fan ‘e wittenskiplike diskusje út it ferline wurdt mei sin oan ‘e kant skood. De feringelsking fan it ûnderwiis is gjin gefolch fan de fiertaalkar fan wittenskippers, mar de oarsaak derfan.

In universiteit stiet yn Nederlân, net yn Akademië

De redenaasje fan de universiteitswurdfierder giet der ek oan foarby dat net allinne de wittenskip in fiertaal hat, mar dat geografyske mienskippen (provinsjes, lannen ensfh.) dy ek ha. Kolleezjes binne net allinne (tarieding op) wittenskip, se wurde ek jûn yn in stêd. Nederlânske universiteiten steane yn Nederlân, net yn Akademië. De bûtenlânske studinten dy’t der in stúdzje folgje, wenje ek moannen of jierren yn dy stêd. Ik fernim yn Grins dat der in grutte groep studinten en dosinten omstapt mei amper kennis fan it Nederlânsk, en faak ek amper de wil om dy taal te learen. De horeka en de oerheid wurde dêrom de fakto al twatalich: wa’t it gemeentehûs fan Grins yn rint, kin sels kieze oft er yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk in bontsje lûkt. Okkerdeis koe in servearster myn bestelling net opnimme, omdat se in studinte mei in bybaantsje wie dy’t gjin Nederlânsk ferstie.

Dy ûntwikkeling liket op de ferfrânsking fan Brussel en omkriten, op ‘e fernederlânsking fan it Fryske plattelân, en úteinlik soarget er derfoar dat Nederlânsktaligen har yn it deistich libben ferbrekke moatte. Ik fyn dat net in goede saak. De universiteitswurdfierder sei dat in ôfdieling fan in Frânske universiteit foar it Ingelsk as fiertaal keazen hie, ûnder oaren fanwegen in Koreaanske ûndersiker. Dy wennet lykwols ek yn Frankryk en sil him dêr doch yn it Frânsk rêde moatte, wol er in sosjaal fermidden opbouwe en wat mear meikrije fan it lân as inkeld syn wurkkeamer.

Der binne mear talen as Ingelsk en Nederlânsk

Feringelsking is ek in heel iensidich soarte ynternasjonalisearring. Ik ha yn it ferline steapels en steapels fakliteratuer lêzen yn in grut ferskaat oan talen: Nederlânsk, Frysk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Afrikaansk, Deensk, Grinslânsk, Spaansk, Katalaansk, Platdútsk, Russysk, neam mar op. Guon fan dy talen koe ik amper lêze, doe’t ik oan it earste stik begûn, mar soks went. En it wie yn it ferline ek altyd in gewoane praktyk.

Ik ha ek lêzingen yn allegear talen bywenne en kin dielnimme oan diskusjes yn ferskillende taalgebieten. Neffens my is dat in betingst foar echte ynternasjonalisearring, mei de mearwearde fan multykulturaliteit. Yn al dy talen wurdt hjoed de dei ek noch publisearre, soms in soad, soms in heel lyts bytsje, mar se wurde brûkt en it is spitich en skealik, as literatuer yn oare talen as Ingelsk net mear brûkt wurdt, as wittenskippers dy’t it Ingelsk net machtich binne of foar in oare taal kieze, net mear heard wurde. As ynternasjonalisearring it skeppen fan in ynternasjonale Ingelsktalige monokultuer betsjut, dan freegje ik my ôf oft wy it net better neilitte kinne.

Der stjert in stikje Nederlânsk ôf

Wa’t feardich yn in protte talen wurde wol, moat yn alle gefallen yn ien taal feardich wêze. Foar Friezen is it heel dreech om dy feardichheid yn it Frysk te berikken, gewoanwei omdat it Frysk mar beheind yn de domeinen fan ûnderwiis, wittenskip, sjoernalistyk en polityk brûkt wurdt. Sels minsken dy’t alle dagen Frysk skriuwe, fiele har yn it Frysk soms beheind. Wol in Fries in taal folslein yn ‘e fingers krije, dan moat dat it Nederlânsk wêze: de taal dy’t te brûken is foar bernepraat en autotechnyk, foar boadskiplistje en operaasjekeamer, foar pianoles en hierkontrakt. No kin dat noch, it Nederlânsk is yn hast alle domeinen fan it deistich libben te brûken. Dat feroaret. As de feringelsking fan it heger ûnderwiis trochset, is it oer tsien, tweintich jier net mear natuerlik om in Nederlânsktalich wittenskiplik artikel te skriuwen. Der binne gjin faktermen mear, de skriuwers ha gjin rûtine mear, se kinne nergens mear publisearje. Der is dan in lyts stikje fan ‘e taal ôfstoarn. De rykdom fan it Nederlânsk nimt wat ôf en de mooglikheid om in taal yn ‘e puntsjes te behearskjen ek, mei konsekwinsjes foar it learen fan oare talen.

It Ingelsk moat ek earst oanleard wurde

It is ek net sa dat alle dielnimmers oan de feringelsking fan universiteiten en hegeskoallen dy taal ek goed behearskje. De Nederlânske meiwurkers, fan dosint oant kantinemeiwurker, moatte op taalles om meidwaan te kinnen. Nederlânske studinten moatte op in ûnnatuerlike wize yn Nederlân mei in Nederlânske dosint in frjemde taal prate. De bûtenlânske studinten komme mar foar in lyts part út Ingelsktalige lannen. Faak behearskje sy it Ingelsk mar heel beheind. Dan moatte se yn Nederlân op Ingelske taalles. Ynstee dêrfan soest ek it Nederlânsk as wichtichste fiertaal hanthavenje kinne en de bûtenlânske studinten Nederlânske les jaan kinne.

Gjin beswier tsjin it Ingelsk, mar wol tsjin folsleine feringelsking

Ik ha gjin inkeld beswier tsjin in Ingelsktalich gastkolleezje en de wet makket dat al lang mooglik. Ut en troch in kursus yn it Ingelsk? Prachtich. Ingelsktalige fakliteratuer lêze en út en troch ek skriuwe? Dwaan! En wat my oanbelanget jildt itselde foar de talen Dútsk en Frânsk, want yn dy talen wurdt ek in soad skreaun dat foar ús nijsgjirrich is. Mar dêrneist seker ek yn it Nederlânsk. Ek foar bûtenlânske studinten. En as dêr dan minder fan komme, om’t se gjin Nederlânsk leare wolle? Dan sjogge wy dyselden wol op in kongres. It is net oars.

augustus 27, 2016 18:02
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. P. Hekstra augustus 31, 11:50

    Wolf hat wol gelyk, mar wy sille in bredere rûnte fan oanhingers foarmje moatte. Wy sitte yn in kultuerfijannige maatskippij: ekonomy en gemaksucht wize de rjochting.
    Doe’t troch ynternasjonalisme kontakten ûntstiene mei oarstalige folken en wy al dy kontakten oanhâlde woene, woene wy net al har talen leare, mar in ienfâldige kommunikaasjetaal en dat like de Ingelsken wol wat om har taal te promoten.
    Ingelsken ha krekt lykas de Romeinen yndertiid har eigen taal ûnbarmhertich oan de folken oplein. En de Amearikaansk-Ingelske grutheden toane dat se net better binne. Se triuwe alle folken it Ingelsk troch de strôt yn advertinsjes en oare media en yn Amearika ieuwen lyn troch de Yndianen te fermoardzjen, dy’t har eigen talen sprutsen. Sa is it Ingelske sterk wurden.

    En no wolle se, dat Nederlân har befoardielet yn it grutte monopolyspul, troch de belêstingen foar harren te ferleegjen. Mei de nedige pssychologyske drigeminten der by.
    Soms tink ik, dat se de slach al wûn hawwe, mar har grutmachtichheid sil ienris yn ien dei ferlern gean. De âlde profeet op Patmos leit út, dat se earst winne sille en dan ferlieze.
    Want se geane tsjin de beskikking fan de Skepper yn, dy’t tsjin har monokultuer is.

  2. Pieter van der Plank septimber 1, 20:06

    Ingelsk foar technyske en natuerwittenskippen leit foar de hân. En yn it algemien leit dat foar de hân foar lju dy’t ynternasjonale wittenskipper wurde wolle. Mar hoe grut is dat oanpart oan de studinten op de Nederlânske universiteiten? Academici dy’t liedingjaande posysjes neistribje wolle yn de ambtenarij, it bedriuwslibben en it fuortset ûnderwiis yn Nederlân moatte har mei in Nederlânsktalich publyk ferhâlde. Hja kinne dus net sûnder goede behearsking fan it Nederlânsk. En dêr mankearret it no al gauris by academici oan. Sa net, Ingelsktalige juridyske, filosofyske, kultuer- en taalwittenskippen en skiednisstúdzjes? Kin ús advokaat ús rjochten dan aanst noch yn ús eigen taal útlizze. En kin de rjochter syn fonnis en de dokter syn diagnose oan ús ferdútse? Moatte wy ús eigen skiednis aanst yn it Ingelsk gewaarwurde?
    In twadde punt is dat wy bibleteken fol boeken en stúdzjes ha, dy’t yn it Nederlânsk (soms Frysk) steld binne. Dat is de rispinge fan mear as in ieu moderne wittenskip. Allegearre yn’e kelder dan mar? Se binne ommers net te lêzen foar dy bûtenlânske studinten oan ús universiteiten en se wurde dus ek net mear as literatuer troch dosinten yn’e universitêre opliedingen brûkt. Men kin der as studint net mear nei ferwize yn syn eigen wurkstikken (sorry, papers). ‘Dutch language and literature’ as stúdzjerjochting foar de nije ginneraasjes studinten dy’t dosint Nederlânsk wurde wolle ……
    Ik wol mar sizze alle wittenskippen en alle akademyske studinten oer ien Ingelske kaam, dat raast oan’e protters. Yn de diskúsje is alle nuanse ferdwûn en wurdt in grof geskut fan nasjonalisme en heech oplutsen diken loslitten op critici fan de wrâldbestoarmjende nijljochters dy’t de toan oanjowe. Of is dit anty-intellektueel geweld no krekt de rispinge fan Ingelsktalich internasjonalisme? Dan sil it net by Ingelsktalige universiteiten bliuwe.
    Wat wie: kunt u geen fatsoenlijk Nederlands spreken?! wurdt: don’t you have decency to speak English!? …….

  3. pyt septimber 4, 10:50

    Troch it radio-amateurisme kaam ik al ier mei technysk Ingelsk yn’e kunde, it is hast noch oan myn aksint te hearren! Folle letter haw ik ‘by gebrek oan better’ jierrenlang foarsitter fan in ynternasjonale technyske kommisje west. Dan is sa’n ienheidstaal wakkere noflik.
    Mar dochs, it úteinlike wurk bart yn lytsere rûnten en dan fral yn it kopke. En dêr spylje faak ek tige basis-dingen in rol: as ik dat grutter meitsje, wat bart der dan? Ferwûndering en fragestellen is fan grut belang. Dêr komme wy yn’e basis wer wat op beukernivo en it soe wolris wêze kinne dat klank-assoasjaasje dêr in rol yn spilet. En dan is elke taal fan belang.
    Publikaasje bart fansels wer yn it Ingelsk, mar dêr hie ik grif wol nut fan myn skriuwerfaring op it Fryske mêd.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.