Mei SwiftKey yn it Frysk of twatalich whatsappe

augustus 18, 2016 20:34

Whatsappe yn it Frysk is in stik makliker wurden, no’t SwiftKey ek in Fryske wurdlist hat. De app wurdt brûkt om fia it skerm wurden yntype te kinnen. Hy kin ek riede hokker wurd oft jo nei alle gedachten type wolle en dat alfêst werjaan.

It gebrûk fan it Nederlânsk op elektroanyske apparaten wie altyd al makliker as it gebrûk fan it Frysk. Fan de earste tekstferwurkers, lykas WordPerfect, wie net ienris in Fryske ferzje. It skriuwen fan sms’kes wie jierrenlang tige dreech, om’t de tapassing T9 der foar dy taal net wie. Hjoed de dei brûke in soad minsken in snoadfoan. Dêrop wurdt meast typt fia in firtueel toetseboerd, dat op it skermke werjûn wurdt. Minsken mei in android of Apple-snoadfoan kinne gebrûk meitsje fan SwiftKey, software dy’t helpt by it yntypen fan wurden. Dat koe net yn it Frysk.

Yn july hat it bedriuw SwiftKey in nije ferzje útbrocht fan ‘e app. Dy makket it mooglik om ferskate talen yn itselde whatsappberjocht te brûken. Wurdlisten yn ferskate talen, wêrûnder it Nynorsk, Lúksemburchsk en Frysk binne tafoege oan de app.

Wa’t belang hat by de app, kin him hjir besette:
http://www.apkmirror.com/apk/swiftkey/swiftkey-keyboard/swiftkey-keyboard-6-3-9-79-release/

augustus 18, 2016 20:34
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Romke augustus 19, 19:45

    onthullen is net ûntbleatsje mar just wol bleatsje.
    Eat wat huld is en der fan ôf moat wurdt ek yn’t Frysk ûnthuld en is dan dus bleatmakke. De fertaling wurdt te faak ferkeard tapast.

  2. Henk augustus 19, 20:08

    Der is gjin wurd ‘bleatsje’ by myn witten, Romke. ‘Untbleatsje’ en ek ‘ontbloten’ betsjutte ‘bleat meitsje’. It foarheaksel ûnt- of ont- hat yn dyn wurden gjin ûntkennende funksje. Sjoch in stikje útlis op https://onzetaal.nl/taaladvies/advies/ont-ontdooien-ontbijt-ontvetten

    Oer it gebrûk fan ‘ûntbleatsje’ as oersetting fan ‘onthullen’ hat Eric Hoekstra in pear jier lyn in stikje skreaun. Sjoch:
    https://www.itnijs.frl/2011/11/taalgat-“onthullen”/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.