Liuwe Tamminga spilet op Raerder oargel

augustus 14, 2016 08:16

Op 18 augustus sil it krekt twahûndert jier lyn wêze dat it Hillebrand-/Van Dam-oargel yn de Laurentiustsjerke fan Raerd (SFW) yn gebrûk nommen waard. Dat sil op freed 19 augustus fierd wurde mei in oargelkonsert troch Liuwe Tamminga, de ferneamde Fryske oargelist dy’t al jierren yn Italië wurket. Hy bespilet dêr ûnder mear de wrâldferneamde ynstruminten fan de San Petronio yn Bologna. Tamminga hat in grut tal cd’s útbrocht en hat in drokke konsertpraktyk.

Yn Raerd spilet er in spannend programma mei muzyk fan ûnder oaren Johann Sebastian Bach en fan Spaanske komponisten lykas Antonio De Cabezón, Santiago De Murcia en José Blasco de Nebra.

Oargelbouwer Johan Adolf Hillebrand wie feint by de Fryske oargelmakker Albertus van Gruisen. Om 1810 begûn er foar himsels en fan de Raerder tsjerkfâden krige er de opdracht om in ynstrumint yn harren nije tsjerke te bouwen. Se setten nei it yn gebrûk nimmen in advertinsje yn de Ljouwerter Krante, dêr’t se yn melden “dat het Orgel in de Gereformeerde Kerk aldaar door hem (Hillebrand, red.) gemaakt, met opzigt op deszelfs Zamenstelling en Toonen, de goedkeuring van eenen deskundigen, wien de beoordeling daar van was toebetrouwd, heeft weggedragen, dat het dus getuigenis van zyne bekwaamheid geeft.”

Wat it lûd oanbelanget wie it foar dy tiid in nochal âlderwetsk ynstrumint. Dat is om no wiis mei te wêzen. In soad fan it âlde piipwurk is by in ombou yn 1863 troch de firma Van Dam yn stân holden en dat is fan dy gefolgen dat it oargel syn eigen unike let-barokke lûd holden hat en dat der dêrtroch muzyk út hiel ferskillende stylperioaden op spile wurde kin: der is altyd wol in registerkombinaasje dêr’t in muzykwurk goed mei ta syn rjocht komt. Liuwe Tamminga sil dêr optimaal gebrûk fan meitsje.

It konsert op 19 augustus begjint om 20.00 oere. De tagongspriis is € 8,– mei ynbegryp fan in drankje/hapje as ôfskied.

augustus 14, 2016 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.