Fryske beweging: provinsje moat foarbyldrol Frysk serieus nimme

augustus 30, 2016 09:45

Fryske_FlaggeDe Ried fan de Fryske Beweging (RFFB) is fan betinken dat de provinsje Fryslân sels syn foarbyldrol folle serieuzer nimme moat. Dat skriuwt de RFFB yn in brief oan de Steateleden yn ferbân mei de behanneling fan it nije Beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’ oer Fryske taal, kultuer, sport en ûnderwiis. It brief is hjirûnder yntegraal werjûn.

Achte Steateleden,

Wy hawwe it Beliedsbrief mei it nije belied op it mêd fan Taal, Kultuer, Underwiis en Sport fan de provinsje Fryslân trochnommen. Nei oanlieding dêrfan wolle wy, as bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging (RFFB), jimme in koarte reaksje jaan mei in tal opmerkings en ferbetterpunten.

Yn it foarste plak binne wy der wiis mei dat de ôfspraken út it koalysje-akkoart oangeande it Deltaplan Frysk no ynhâldlik én finansjeel neikommen wurde. Wy wurdearje it ek dat ynsetten wurdt op digitale tapassings foar it Frysk, tink oan wurdlisten op de mobile tillefoan. It liket ús fierder yndied heechnedich om de gemeenten oan te fiterjen om mear oan Frysk taalbelied te dwaan en de wetlik ferplichte taalplicht serieus te nimmen. Wy begroetsje it foarnimmen om in ‘Taalalliantie’ te foarmjen fan alle partijen dy’t har dwaande hâlde mei it Frysk en meartaligens mar soenen dêr hiel graach yn’t foar oer oerlizze wolle. Dat om gjin dûbele dingen te dwaan en goed nei te gean hoe smel of breed sa’n alliânsje wêze moat.

De fragen dy’t it stik by ús oproppe binne:

  • Oant no ta hat de provinsje Fryslân altyd útholden dat de provinsje sels in foarbyldrol hawwe moatte soe as it giet om it Frysk. Mar wêr docht dat yn it stik út bliken? Jim soenen de deputearre freegje kinne om helderheid datoangeande. Tink ek oan jim eigen webside, nijsbrieven, twitter, it brûken fan it Frysk troch de provinsje yn gerjochtlike prosedures (ek om de rjochtbank hjir oerein te hâlden), Frysk op buorden fan oanlis fan provinsjale diken/rotondes
  • Hoe sil de sichtberens fan it Frysk konkretisearre wurde? It wurdt, net allinnich fanwegen de taal sels mar ek foar toeristen en de eigenwearde fan de Friezen, heech tiid dat it Frysk in dúdliker plak ynnimt. Digitaal én yn de iepenbiere romte fan Fryslân;
  • Yn ús kontakten mei ferskate troch de provinsje (!) subsidiearre ynstellings merke wy dat hja yn de uterings nei bûten ta faak allinnich mar it Nederlânsk brûke. Jo soenen ferwachtsje meie dat ynstellings lykas Doarpswurk, de Miljeufederaasje, it Fryske Gea, Keunstwurk en oaren dy’t alle jierren tonnen fan de provinsje krije, yn de offisjele kommunikaasje neist it Nederlânsk ek it Frysk brûke. Dit soe yn de ôfspraken mei de ynstellings fêstlein wurde moatte. Benammen om’t der praat wurdt oer ‘yntegraal’ belied. By oare ynstellings wurde yn aktiviteite-ôfspraken ek in grut oantal ôfspraken makke, dan kin der grif ek oer it Frysk saken dien wurde; Boppedat wurdt sa in moasje fan de Steaten sels neikommen;
  • De RFFB hat grutte muoite mei ‘We the North’. Yn de offisjele stikken fan ‘We the North’ wurde de Fryske taal en kultuer net iens neamd. It liket op in konsintraasje fan ynspannings en subsydzjejild nei de stêd Grins. Boppedat , it Ryk is ek net entûsjast en stelt gjin sint subsydzje beskikber foar dy plannen. De RFFB advisearret de Steaten fan Fryslân om it jild foar ‘We the North’ (útgien wurdt fan 4 x € 100.000) gewoan yn kulturele inisjativen út Fryslân sels te steken.
  • De saneamde ‘mjitberens’ (SMART) fan de stikken moat perfoarst better. Op’t heden is der diskusje oer it tal minsken dat ál as net Frysk prate/skriuwe/lêze/ferstean kin. Wêrom is dat net as yndikator opnommen? Yn it ferline wie dat wol sa. Itselde jildt foar it tal twatalige en/of meartalige berne-opfangplakken, basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis. De Steaten fan Fryslân moatte al witte wat de stân fan saken is.
  • As it om it jild giet, dan kin it mei de nije Wet Gebrûk Fryske taal yn eagenskou net sa wêze dat der nei 2018 minder jild komt foar de Fryske taal en kultuer en ynstellings dy’t it Frysk befoarderje. Dy kantteken wol de RFFB mei klam stelle. Der binne ommers wetten en (ynter-)nasjonale ôfspraken makke oangeande it Frysk dy’t neikommen wurde moatte.  Wy wize dêrby op de wetlik ferankere soarchplicht. Foar de organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei it Frysk en de aktiviteiten dy’t dêrmei gearhingje giet it sawat om € 5,6 fan de € 15,8 miljoen euro. De strukturele budzjetten fan € 2,3 miljoen hingje allegear gear mei de posysje fan de Fryske taal en sille dus boarge wêze moatte.

Wy hoopje dat jim jim foardiel dwaan kinne mei ús reaksje en dat jim dit belûke kinne by jim kommisje en Steategearkomste. By eventuele fragen kinne jim kontakt opnimme mei ûnderskreaune.

Mei freonlike groetnis,

Út namme fan it bestjoer

 

Renze Valk, skriuwer

augustus 30, 2016 09:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. A.Kramer augustus 31, 11:51

    Mei stipe fan it Fryske Gea en ek fan ‘e provinsje hat de Stellingwarver Schrieversronte boeken oer Planten en fûgels útjûn. Dizze boeken binne en it Stellingwarfsk en de nammen fan ‘e planten en fûgels binne ek yn Nederlânsk, by planten ek yn lokale farianten, en wittenskiplik Latyn fermeld.
    Se binne net yn it Standertfrysk fermeld.
    Einliks wie dat winsklik, ek om Fryske nammen fan planten. Der wie doe’t it Stellingwarver Plaanteboek útkaam nog gjin boek yn it Standertfrysk oer planten beskikber.

  2. Frâns Kúpers augustus 31, 13:40

    Goed stik fan de Rie; de foarbylden dy’t oanjûn wurde kinne maklik oplost wurde. Wat hjir foar nedich is moed fan it kolleezje om it Frysk as haadtaal binnen de eigen organisaasje brûken gean en de ‘brea organisaasjes’ foar Taal en Kultuer moatte dit ek dwaan. Jin ferbrekke pas at it net oars kin. Nei twa moanne wit in elk dat der yn it provinsjehûs en oanslútende organisaasje Frysk praat wurdt. Makliker kin ik it net opskriuwe. It begjint met WOLLEN.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.