Frankryk hottefilet oer bleate boarsten en boerkinys

augustus 31, 2016 14:29

De measte pleatslike ferboaden op ‘e boerkiny binne yn Frankryk wer ûngedien makke. De Ried fan Steat hat se ûnwettich ferklearre. Der is ûnderwilens wol in mearderheid ûnder de Frânske befolking foar in ferbod op ‘e boerkiny. Neffens Le Figaro is 64% fan ‘e Frânsen foar sa’n ferbod en 6% tsjin. Premier Manuel Valls wol stribje nei in lanlik ferbod.

Der ûntstiet net allinne opskuor om tefolle klean, mar ek om te min. Op in strân yn Chateauneuf waard tongersdei in frou oanfallen, om’t se mei bleate boarsten mei har soantsje oan it badmintonspyljen wie. Oare baaigasten easken dat hja in boppestikje oan die. Doe’t se dat wegere, waard se troch seis minsken tsjin ‘e grûn smiten en skopt. Hjoed is der yn Chateauneuf in sympatybetsjûging fan froulju mei bleat boppeliif.

augustus 31, 2016 14:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.