Firtuele ierdrykskundelessen yn it Gaelic? It kin no!

augustus 31, 2016 14:45

Learlingen yn Skotlân kinne tenei in part fan harren lessen yn in firtueel klaslokaal folgje. It giet om bern dy’t op Gaelictalige skoallen sitte. Op dy skoallen wurdt de minderheidstaal Gaelic as fiertaal by alle fakken brûkt. Omdat it lytse skoallen mei in beheind tal learkrêften binne, wurde lang net alle fakken op sokke skoallen oanbean.

Dat probleem wurdt oplost mei e-Sgoil. Dat is in sabeare-klaslokaal op ‘e kompjûter. In learkrêft jout yn sa’n klasse les oan learlingen fan ferskate skoallen yn Skotlân, dy’t fier útinoar lizze kinne.

De e-Sgoil is in ûntwerp fan it Skotske regear en taalorganisaasje Bord na Gaidhlig, dy’t tegearre acht ton ynvestearre hawwe yn de ûntwikkeling. De ferwachting is dat benammen bern op tige ôfhannige plakken, lykas de Orkney- en Shetland-eilannen, fan ‘e firtuele lessen profitearje sille.

augustus 31, 2016 14:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.