Fiifhûndert kij stellen by Nij-Seelânske boer

augustus 31, 2016 08:39

By in Nij-Seelânske boer binne yn de perioade tusken begjin july en ein augustus fiifhûndert kij stellen. De boer, dy’t syn keppel hâldt yn de omkriten fan it doarp Ashburton, fernaam de stellerij pas let om’t it op dit stuit winter is yn Nij-Seelân en de kij net molken hoege te wurden, meldt AP. De bisten binne likernôch 1.500 Nij-Seelânske dollar it stik wurdich (ûngefear 970 euro). De folsleine skea fan de dieverij is dus likernôch 750.000 Nij-Seelânske dollar (485.000 euro).

“Hy is der hielendal stikken fan en skammet him djip”, seit Willy Leferink, in goede freon fan de boer, tsjin it parseburo. “As jo trijekwart miljoen dollar misse soene, soene jo der ek net oer prate wolle.” Neffens de plysje binne de bisten nei alle gedachten net allegear tagelyk meinommen en binne de dieders in pear kear weromkommen. In grutte feewein soe nammentlik trettjin kear folladen wurde moatte om de fyfhûndert kij mei te nimmen.

Yn Nij-Seelân libje mear as tsien miljoen kij, foar 4,6 miljoen ynwenners oer. De stellen kij binne neffens Leferink hast net ferkeapber om’t se in elektroanysk earmerk hawwe. Dat is wol fuort te heljen, mar de boer seit dat net folle earlike hannelers dan de kij keapje soene.

augustus 31, 2016 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.