Feroarkrêft

augustus 31, 2016 12:35

Fryslân DOK – 11 septimber 2016

De partisipaasjemienskip, dêr’t elk sines oan bydraacht en de oerheid op syn heechst fasilitearret, freget om in feroaring fan mentaliteit. En dat ferrint net altyd like maklik. Yn febrewaris liet Fryslân DOK sjen hoe’t Fryske mienskippen op eigen krêft duorsum besochten te wurden. Hoe stiet it dêr no mei?

De ûntwikkelingen yn Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden binne dêrfoar op de foet folge. Dy Fryske doarpen wiene yn febrewaris hurd op wei om enerzjyneutraal te wurden. Mar hoe moat dat organisearre wurde? En hoe krije je elkenien mei yn dy ambysje? De doarpen binne in jier lange folge yn dy ûntwikkelingen. Yn de Fryslân DOK ‘Feroarkrêft’ wurdt weromsjoen nei de wei dêrhinne en foarútsjoen nei de takomst.
De dokumintêre is te sjen fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 10 septimber om 15.30 oere en snein 11 septimber om 13.05 oere op NPO 2.

augustus 31, 2016 12:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.