Eksposysje ‘Manifesto of Doubt’ fan Jan Hamstra yn Museum Belvédère

augustus 31, 2016 09:06

De eksposysje Manifesto of Doubt fan keunstner Jan Hamstra is fan 22 augustus oant en mei 9 oktober te sjen yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. De jonge keunster Jan Hamstra (1993) studearre dizze simmer ôf oan Akademy Minerva en wûn ek de Akademypriis foar foarmjouwing (spesjalisaasje yllustraasje). Syn ôfstudearwurk wurdt no foar it earst yn in museum toand, yn in kabinetfoljende presintaasje yn de westfleugel fan Museum Belvédère.

Sintraal stiet it boek Manifesto of Doubt, dat troch de keunstner mei de hân printe is mei help fan de yntinsive houtsnijtechnyk. De linker- en rjochterside foarmje hieltyd mei-inoar in twalûk, dêr’t de ferskillende ûnderdielen fan in dialooch mei-inoar oangean. Sawol de printen as de ferbinende tekst hawwe te krijen mei aktuele saken as terrorisme, ferset, ûnderdrukking en polityk bewustwêzen. Hamstra kiest gjin kant en oardielet ek net. Hy bringt in oade oan de twifel yn tiden dat de rappe miening de boppetoan fiert en set fraachtekens by it idee fan ‘it abolute kwea’.

Op ’e muorre is in projeksje te sjen fan trije animearre portretten fan omstriden persoanlikheden: Bernadine Dohrn (aktiviste), Malcolm X. (boargerrjochte-aktivist) en Edward Snowden (klokkelieder). Op de eftergrûn binne speeches fan harren te hearren, dy’t stadichoan oergeane yn in kakofony oan lûd. Sa is it wâld oan mienings en betizing dy’t dat opsmyt ek letterlik oanwêzich. Han Steenbruggen, de direkteur-konservator fan Museum Belvédère, ferkende Hamstra’s wurk by de ôfstudearútstalling fan Akademy Minerva. “Je binne dochs altyd op ’e syk nei jong talint”, leit er út. “Dizze presintaasje foel op troch de kwaliteit, de eigensinnige behanneling fan it tema en de bysûndere presintaasje. It is folwoeksen wurk.”

Sjoch op museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje.

augustus 31, 2016 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.