‘300 selsremjende plysjeauto’s werom nei garaazje’

augustus 31, 2016 08:50

De plysje wol ôf fan alle tsjinstweinen mei in automatysk remsysteem. Yn in pear moanne tiid soene neffens it AD 300 selsremjende plysjeauto’s werom nei de garaazje moatte. Ut hiel Nederlân wei binne der klachten oer fan plysjes. It giet om de Folkswein Touran. Dy auto is standert útrist mei in saneamde City Emergency Brake (CEB). Dêrtroch remmet it reau automatysk ôf om botsings foar te kommen.

It is in systeem dat plysjes by efterfolgings of yn needsituaasjes mar min brûke kinne. It is net bekend oft kriminelen ûntkaam binne troch CEB of dat plysjes te let by in melding oankamen. “It fyn it hiel slim dat soksoarte dingen barre. De ynkeap wurdt blykber efter in buro dien sûnder dat it mei de wurkflier oerlein wurdt”, seit Geert Priem fan it fakbûn ANPV yn it NOS Radio 1 sjoernaal. Priem begrypt net wêrom’t de plysje dat systeem ea ynbouwe litten hat. “Efterfolgings of minsken twinge om te stopjen giet net sa maklik mei sa’n systeem. Je kinne je wurk sa net goed mear dwaan.”

Twa wike lyn skreau it Dagblad van het Noorden al dat de plysje nei in oplossing foar it probleem siket. Neffens it AD lit de korpslieding it omstriden remsysteem by alle nije auto’s útskeakelje. “Foar safier’t ik wit binne in protte auto’s der standert mei útrist. Neffens sizzen wurket de fabrikant no oan software dêr’t it systeem mei útskeakele wurde kin”, seit Priem. Wat dat kostet, is net bekend. Oant it systeem útskeakele is bliuwe de plysjeauto’s gewoan ynsetber. CEB kin mei de hân útset wurde, mar dat moat alle kearen op ’e nij dien wurde wannear’t de auto start wurdt.

augustus 31, 2016 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.