Readkapke wurdt hieltyd minder wreed

july 4, 2016 16:08

It mearke fan Readkapke is yn ‘e rin fan ‘e skiednis hieltyd minder wreed wurden. Dat is ien fan ‘e ûntdekkings fan in groep wittenskippers fan ‘e Radbouduniversiteit yn Nimwegen. Hja hawwe 427 Nederlânsktalige ferzjes fan it mearke opspoard en bestudearre.

Fan in protte mearkes is de ûntwikkeling ta stilstân kommen, faak trochdat der in Disney-ferfilming fan kaam, dy’t rûnom bekend is. Mei Readkapke is dat net it gefal. Skriuwers meitsje der harren eigen ferzje fan, as se it mearke neifertelle. Readkapke is dan ek de iene kear in willeas slachtoffer, wylst se de oare kear in stoer famke is dat de wolf eigenhannich in wan bruien jout.

Opfallend is neffens ûndersiker Folgert Karsdorp dat bewurkers hast nea ien fan ‘e betide ferzjes brûke foar harren bewurking, mar dat se eins altyd in ferzje fan sa’n tweintich jier âld nimme en dy oanpasse. Dêrtroch evoluearret it mearke stapke foar stapke. Sa is koartlyn de flesse wyn dy’t Readkapke foar har sike beppe meinimt út it mearke ferdwûn, mei’t it besef woeksen is dat drank net goed is foar minsken dy’t better wurde moatte. De waffels dy’t Readkapke meinimt binne ferfongen troch broadsjes of oar iten dat hjoed de dei gebrûklik is. De ûndersikers tinke dat de bewurkers de ferzje dy’t se út har eigen bernetiid kenne in bytsje oanpasse foar harren eigen bern.

De âldste ferzjes fan Readkapke datearje út de 17e ieu. Yn dy ferzje is de wolf dúdlik in bisteferzje fan in inge man, dy’t ûnskuldige famkes mei moaie praatsjes ferliede wol. Readkapke oerlibbet it net, as se yngiet op it fluenske praat fan de inge man yn ‘e bosk. Yn ‘e 19e ieu feroaret dat, benammen trochdat de bruorren Grimm yn harren Dútske mearkesamling in minder bluodderige ferzje opnimme. Dan wurdt de wolf minder in seksuele grizel en dan oerlibbet Readkapke it kontakt, soms mei help fan in stoere jager. De wolf wurdt dêrnei aloan minder agressyf.

july 4, 2016 16:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.