Nexit? Fryslânexit!

july 2, 2016 19:15

Earder haw ik al witte litten dat in referindum maklik kape en manipulearre wurde kin. Yn dit berjocht lis ik út dat in referindum hielendal net it toppunt fan demokrasy is: krektoarsom! It referindum liket demokratysk mar is yn werklikheid in bedriging foar de demokrasy. Dat is benammen it gefal foar homo/lesbyske en oare, gruttere en lytsere, minderheden wrâldwiid.

Nexit: Nederlân út de Europeeske Uny en in Fryslânexit?
Nei it Brexit-referindum is it Feriene Keninkryk yn grutte swierrichheden belâne. Lykas ik earder al foarsei, wol Skotlân yn de EU bliuwe en út it Feriene Keninkryk stappe. Ut de útslaggen fan it referindum docht bliken dat de Britske befolking wol tige slim ferdield is, tusken jong en âld, tusken heger en leger oplate minsken, en tusken Ingelsken oan de iene en Skotten en de measte Noard-Ieren oan de oare kant. Brexit blykt in gefaarlike spjaltswam dy’t earder it Feriene Keninkryk as de EU bedriget. Boppedat docht bliken dat de foarstanners fan Brexit it tige ûniens binne oer de fraach hoe’t it dan wol moat.

Wa’t dy tizeboel oereaget, freget him wol ôf hoe’t in ferstannich minske bepleitsje kin dat Nederlân dat strieminne foarbyld folgje moat. Wolle se in Nexit? Fryslân kin, mei tank oan it  EU-belied ta stipe fan minderheden, bot foar de EU wêze. Wol Fryslân dan it foarbyld fan Skotlân folgje? In Fryslânexit? Wa’t de troch de Nederlânske oerheid bedrige posysje fan Omrop Fryslân beskôget, begrypt hiel goed dat de saak samar yn fjoer en flam stean kin.

In referindum hollet de demokrasy út
De ûnderfiningen mei referenda hawwe sjen litten dat de foarstanners demokrasy opfetsje as de diktatuer fan de mearheid. It rjocht fan yndividuen en selskeazen minderheden wurdt bedrige om betsjutting en foarm te jaan oan it libben sûnder it selsbeskikkingsrjocht fan oaren oan te taasten. Mei in mearheid beslisse dat Friezen gjin Frysk mear prate meie, humanisten yn goaden leauwe moatte, en manlju net mei manlju of froulju net mei froulju trouwe meie?  Diktatueren fan mearheden trêdzje mei heislike gefolgen oer minderheden hinne, lykas we yn Turkije en Ruslân sjen kinne.

Mei rjocht wurdt der op wiisd dat in Nexit in ekonomyske ramp wêze soe foar in lân dat libbet fan de wrâldhannel. Mar tsjinstanners fan in Nexit soene ek wat mear omtinken besteegje meie oan de etyske gefaren fan referenda. Oan it tsjininoar opsetten fan âlden en jongerein, fan earmen en riken, fan heger en leger oplatee minsken, fan homo’s en hetero’s, fan Rânestedlju en Friezen, om noch mar te swijen fan it oanfjurjen fan frjemdlingehaat sa’s Brexit yn Ingelân dien hat.

Krket yn in lân dêr’t de measte minsken ûnder de seespegel libje, soe men ferwachtsje dat men yn ’e gaten hat dat polderjen de iennichste wize fan oerlibjen is. Wa’t yn sa’n lân oanset ta haat tusken mear- en minderheden ûndergraaft letterlik it bestean fan ien fan de lokkichste lannen yn ’e wrâld. Hoe blyn moatte jo wêze om yn striid mei it wolbegrepen eigenbelang te hanneljen? Hokker kwealike rol spylje guon (a)sosjale media dêrby?

Rob Tielman

july 2, 2016 19:15
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Eric july 6, 10:22

    As der earder poldere wie, dan wie de EU miskien net sa’n misbaksel west.

  2. mbc84 july 6, 11:09

    De EU wie fan it begjin ôf in misbaksel. It hat ta doel de autochtoane Europeeske kultueren út te wiskjen. Dizze kultueren steane yn ‘t paad fan de bejubelde multykulturele heilsteat. Herr Timmerfrans sei it sels al, dat der in ein komme moat oan ‘e monokulturen yn Europa. It nije Herrenvolk moat respektearre wurde, tink derom bûke!

  3. P. Hekstra july 6, 14:02

    Rob Tielman syn noed oer minderheden diel ik fansels, en gelokkich hat er it net oer it fersliten liberale motyf fan ekonomyske foarútgong troch de EU, want ek doe’t der gjin EU wie, gyngen de ekonomyske golven op en del.

    Mar mbc84 slacht de spiker op de kop. Want de EU stipet de minderheden allinnich mar om harren te beheljen yn it grutte gehiel. Sil dy stipe trochgean as de yntegraasje fan de lytsen yn it grutte gehiel slagge is?

    Lannen, dy’t gjin referindums hâlde, dogge presys wat Tielman oanjout: “Diktatueren fan mearheden trêdzje mei heislike gefolgen oer minderheden hinne, lykas we yn Turkije en Ruslân sjen kinne”. As Turkije en Ruslân (en mear steaten) wol referindums hâlden, soene de minderheden mear kânsen krije.

    N.o.f. it boppesteande wol ik ek noch wat kwyt oer de multykulturele maatskippij: Dy is foar de blanke, swarte, brune, giele en reade kultueren noch wat nijs, mar as se allegearre mondiaal yntegreare binne en troch houliken fermongen binne, krije wy wer in monokultuer fan allinnich mar ien ras: de mingfoarmen. En – haw ik lêzen – “wa’t in foto makket fan in groep lângenoaten, dêr’t allinnich blanken op steane, hat gjin goede foto makke”.

    Sa wurde de autochtoane kultueren útwiske en rekket men de diversiteit kwyt. En dat is no krekt, wat men net begeare moat. Biodiversiteit moat bliuwe, ek yn it minsklike.

  4. A Houtsma july 6, 16:25

    Hieldol iens mei de understeande reacties, de EU is een burokratisk munster, ek as Friezen of Skotten hawwe wy der weinig oan, net minging fan kulturen, dot wurd een ienheidswoarst, dan is der ek gjin Fryske of Skotse Kultuur mear. De macht mat wer nei de Nationale Staeten, en allinne op een pear punten samenwurkje. It subsidariteisbegjinsel fan it CDA is nog net sagek. Wy moatte ek de grinzen wer yn stelle, gjin Skengen. Wy moate beslute wa we binnen litte, dus ek gjin flochtelingen, alline wer der wurk foar is, dyt soun binne en Nederlansk/Frysk sprekke,. We moatte Australie neifolgje.

  5. mbc84 july 6, 17:31

    @Hekstra: ik fûn it boek “Avondland en identiteit” fan Sid Lukkassen dit tige goed beskriuwen. Skotlân hoecht hielendal neat te ferwachtsjen fan ‘e EU, en Fryslân al hielendal net. Sjoch nei de steat fan it Frysk. De EU hat der oan by droegen oan de gedachte dat lytse talen (en minderheden) eins mar lestich binne. Je komme ommers fierder mei … (fol mar yn).

  6. Kening Redbad july 6, 21:59

    De EU is in misbaksel, opsetten troch plutokraten en ynternasjonale jildbaronnen sadat se de bûsen noch wat rapper foltropje kinne. De lytse man betellet de rekken, rekket sy yndintiteit en taal kwyt en wurdt de wet foarskreaun troch frjemden. Elk folk hat it rjocht himsels te bestjoeren en it âlde biedwurd giet noch altyd op: De boer moat sels de lije hawwe!

  7. ytsje july 11, 18:29

    wat boer wit noch fan in lije…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.