Libbenslang net mear in libben lang
Resint ferskynd
Troch Tjalling van der Goot
Neffens de heechste rjochter yn ús lân, de Hege Ried, foldocht de libbenslange finzenisstraf yn ús lân net oan de easken fan it Europeeske rjocht. Alteast, it útfieren fan dy ultime sanksje foldocht net. Dat betsjut dat foarearst dy straf net mear oplein wurde kin, hoe slim de saak ek is. Goed nijs foar fertochten dy’t ynkoarten yn de dreechste saken foarkomme moatte by de rjochter, mar eins in skande foar de rjochtssteat en in politike blamaazje.
Wêr draait it no krekt om? Yn de wet is opnommen dat de heechste straf – by bygelyks moard – in libbenslange finzenisstraf is. Op dit stuit binne der goed tritich feroardielden dy’t sa’n straf útsitte. Neffens ferskate ministers yn de ôfrûne jierren is in libbenslange straf “gewoon voor de rest van het leven”. Dus oant de dea.
It rjocht yn ús lân wurdt lykwols beynfloede troch Europeesk rjocht. Op it mêd fan it Europeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske sprekt it Europeeske Hôf yn Straatsburch rjocht. En dat Hôf hat yn tal fan útspraken oardiele dat by it oplizzen fan libbenslang troch in rjochter wol in reële mooglikheid bestean moat om nei ferrin fan tiid de straf yn te koartsjen. Eltsenien moat dus in earlike kâns krije om earder frij te kommen, in libbenslang strafte persoan ek. De Hege Ried slút him dêr no by oan. Yn ús lân bestiet de mooglikheid om earder frij te kommen op dit stuit feitlik net. Formeel kin in feroardielde graasje freegje oan de minister, mar graasje is in poppesûger, mei allinne mar kosmetyske waarde. Yn de praktyk hat der sûnt 1986 gjin minister west dy’t in ta libbenslang feroardielde graasje jûn hat.
De Hege Ried is yn syn útspraak fan 5 july lêstlyn folslein dúdlik: de eksekúsje fan in libbenslange finzenisstraf yn Nederlân is ynhumaan, nammentlik altyd in hiel libben lang. Neffens de Hege Ried moat binnen 25 jier nei it oplizzen fan dizze straf besjoen wurde oft de resosjalisaasje fan de feroardielde foarútgien is, om sa nei te gean oft it langer fêstsitten noch rjochtfeardich is. Dêrby giet it net allinne om feroardielden dy’t frijkomme kinne om’t hja (terminaal) siik binne, mar ek om feroardielden dy’t om oare redenen gjin gefaar mear binne foar de mienskip. Neffens de Hege Ried moat foar eltse feroardielde fan tefoaren bekend wêze hokker easken oan earder frijlitten steld wurde. Sa wit eltse feroardielde wêr’t er oan foldwaan moat om earder frij komme te kinnen en kin er him dêrop tariede.
Dat hâldt net yn dat alle ta in libbenslange finzenisstraf feroardielde minsken earder frijkomme. It hâldt allinne yn dat nei ferrin fan tiid yn elts gefal sjoen wurde moat oft der mooglikheden binne om earder frij te kommen. Der sille lykwols feroardielden bliuwe dy’t gefaarlik binne en bliuwe en in hiel libben lang achter de traaljes wenje sille.
Rjochters wiene al weromhâldend as it om it oplizzen fan dizze dreechste straf giet. Ofrûne jier lei de rjochtbank yn Assen oan twa bruorren, dy’t trije minsken om it libben brocht hiene, gjin libbenslang op, om’t dy straf “op gespannen voet” stie mei it Europeeske rjocht. De Hege Ried giet no fierder; gjin spanning, mar bonkehurd yn striid mei it Europeesk Ferdracht foar de Rjochten fan de Minske. Ynhumaan. Kleare taal!
De steatssekretaris fielde al langer oan syn wetter dat libbenslang yn ús lân oars moat. De polityk is huverich om te feroarjen, nei alle gedachten om’t in feroaring yn it foardiel fan in krimineel gjin stimmen lûke sil. Dus polityk leit it gefoelich. Dochs hat steatssekretaris Dijkhoff dizze maitiid witte litten in wetsfoarstel ta te rieden om ek foar libbenslangen in kâns iepen te hâlden earder frij te kommen. Dat foarstel liket lykwols mear foar de bühne as dat it út it hert komt. Sa kin in fersyk om graasje neffens it foarstel ôfwiisd wurde op grûn fan in grutte ympakt foar slachtoffers, mar neffens de Hege Ried hawwe slachtoffers dêr gjin beskiedende stim yn. En it plan fan de steatssekretaris om oer de frijlitting sels it lêste wurd te hawwen kin ek rekkenje op in kritysk lûd fan de Hege Ried: in beslissing oer eardere frijlitting troch in ûnôfhinklike rjochter foldocht yn elts gefal oan de easken fan Europa, by in polityk beslút fan in steatssekretaris of minister is dat nei alle gedachten net it gefal.
Nederlân bongelet al jierren efteroan yn it peloton yn Europa en hat as iennichste lân yn de EU gjin goed wurkjende mooglikheid om by in libbenslange straf earder frij te kommen. De Hege Ried jout de polityk no in dikke skop ûnder de kont. It wetsfoarstel fan de steatssekretaris sil striid mei it Europeeske rjocht ek net fuortnimme. It sil dus fûneminteel oars moatte.
Salang’t der neat of te min feroaret, bestjutte de útspraken fan it Europeeske Hôf, en no ek fan de Hege Ried, dat – hoe slim oft de saak ek is en hoefolle deadlike slachtoffers der ek binne – in libbenslange finzenisstraf net mear oplein wurde kin. Is dat wat De Haach berikke wol? Dat liket my net, mar dat is wol wat mei omkliemen op it mêd fan in nije wet foar libbenslang no bart. Dat lûd haw ik oant no ta mist yn de reaksjes op it oardiel fan de Hege Ried. Libbenslang is no yn ’e ban.
Humaan hâldt yn dat rekken holden wurdt mei minsken, ek mei minsken dy’t ea tige slimme strafbere feiten begien hawwe. As in rjochter yn sa’n drege saak in libbenslange straf opleit, kin er fansels net yn in glêzen bol sjen oft nei 25 jier ek noch hieltyd ferlet is fan it langer fêsthâlden fan de feroardielde. De dieder kin spyt utere hawwe, neibesteanden kinne ferjaan, dieders kinne it libben bettere hawwe ensfh. Krekt as yn it deistich libben wurde yn strafsaken de wûnen nei ferrin fan tiid ek minder djip. It is goed dat de heechste rjochters ek útgeane fan it prinsipe dat eltsenien rjocht hat op in twadde kâns. My sprekt dat wol oan. It wurd is no oan de wetjouwer.
Tjalling van der Goot is advokaat by Anker & Anker Strafrechtadvocaten yn Ljouwert
Dit is wer een europeeske bemoeiennis mei us rjocht systeem. Inhumaan lit my net leitsje, it is inhumaan nei de slachtoffers ta. Stop us my dy unsin.