Lân fan Taal kriget taalbelibbingssintrum

july 28, 2016 16:32

Powerhouse Company is it arsjitekteburo dat de definitive ûntwerpen foar de Taalekspo yn Ljouwert meitsje sil. It taalbelibbingssintrum fan Lân fan Taal, in programma binnen Kulturele Haadstêd 2018, wurdt yn 2017 realisearre.

It ûntwerp fan it Rotterdamske buro waard troch in saakkundige sjuery ûnder lieding fan ryksboumaster Floris Alkemade keazen út seis foarstellen. De ynstjoeringen moasten oan ferskate betingsten foldwaan. Sa moast it gebou dat op it Aldehoustertsjerkhôf komt, oan ’e bûtenkant in permaninte tribune hawwe, dêr’t minsken bygelyks by festivals op it plein op sitte kinne. Powerhouse Company foldie op ferskate mêden oan de easken en kaam mei it neffens de sjuery moaiste idee.

Fan dizze tiid
Deputearre Sietske Poepjes ûntbleate it winnende ûntwerp tongersdei 28 july by de Aldehou: “De sjuery hat in moai beslút nommen; de tekeningen fan Powerhouse Company litte in sfearfol gebou sjen dat past yn dit part fan ’e stêd, dat fan dizze tiid is en útstrielet dat der binnendoarren écht wat te belibjen is.” It doel is om ier yn 2017 mei it bouwen te begjinnen op ’e grienstrook oan it Heer Ivostraatje, rjocht foar de Aldehou oer. De permaninte Taalekspo is foar 2018 klear.

Lân fan Taal
Lân fan Taal is in grut programmaûnderdiel binnen Kulturele Haadstêd 2018. It giet oer it Frysk, meartaligens en it belibjen fan taal. It moat Fryslân ta in sintrum fan meartaligens yn ’e wrâld meitsje, mei yn 2018 alderhande eveneminten lykas de Taalkaravaan troch de provinsje en in tydlik Talepaviljoen yn ’e Prinsetún. Mear ynformaasje op www.lanfantaal.frl.

july 28, 2016 16:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute de graaf july 29, 17:58

    Gebou Lân fan Taal
    No hoopje ik dat it arsjitekenburo , neist de tsjek op duorsemens, ek in tsjek op tagonkelikheid foar minsken mei in beheining krijt. Meastal wurdt soks fergetten, wylst it mei yngong fan 2017 de noarm wurde moat. Meitsje jim as bouhearen der breed foar.
    Ik warskouwje alfêst Looper ensafuorthinne

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.