Keike Faltings sjongt yn it Noard-Frysk
Resint ferskynd
Sjongeres Keike Faltings komt fan it Noard-Fryske eilân Feer/Föhr. Hja begûn har karriêre mei Ingelsktalich repertoir, mar is oerstapt nei sjongen yn it Frysk fan har eigen eilân. De NDR hat in reportaazje makke oer Keike Faltings en har ûngewoane kar. De folsleine reportaazje is hjirûnder te besjen.
Is der ek immen dy’t de teksten yn it Westfrysk oersette kin?