Wopkje Bergmans wint it wurdsjewrotten

juny 11, 2016 15:17

naaie‘Nulkje’ is wurkje mei in nulle (ek wol ‘nuddel’ of ‘nudle’ neamd) en tried, lykas naaie, riuwe en bestelje. Wy fregen ús lêzers om in moaie sin mei dat wurd te meitsjen. De moaiste bydrage komt fan Wopkje Bergmans fan Holwert. Hja makke de ûndersteande sin:

“In lyts gatsje nulkje ik meastentiids mei de hân, mar in nij jurkje doch ik mei de Pfaff, dat wurdt kreazer en giet rapper.”

De sin makket moai dúdlik wat nulkje is en bringt ús ek noch yn it sin hoe’t it naaiwurk de iene kear flugger gie mei in naaimasine en de oare kear mei de hân.

Frou Bergmans kriget in aardichheidsje oer de post tastjoerd.

juny 11, 2016 15:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.