Stjert it Frysk no út of net?

juny 16, 2016 10:07

Troch Henk Wolf

Der is op ‘t heden in soad te dwaan om ûndersyk fan Geert Driessen oer it ôfnimmend gebrûk fan it Frysk. No kin ik dat ûndersyk net en ik wie ek net by Driessen syn lêzing deroer yn Tresoar, dat ik kin der net folle ferstannichs oer sizze. Ik fernim lykwols al dat der misferstannen besteane oer wat de presintearre sifers no krekt betsjutte en oer de ferskillen mei eardere ûndersiken nei taalbehearsking en taalgebrûk yn Fryslân. Om’t ik dy eardere ûndersiken wol goed kin, wol ik graach meihelpe om dy misferstannen út ‘e wrâld te helpen.

Jehannes Elzinga skreau tiisdei yn in reaksje op dizze site it folgjende:

“Wat moatte wy no leauwe? Út in ûndersyk fan Partoer oer talen yn Fryslân yn 2014 die bliken dat it gebrûk fan it Frysk amper ôfnimt en út dit ûndersyk fan Tresoar blykt dat it gebrûk fan it Frysk hiel hurd tebek rint. Ra, ra, hoe kin dit. De haadkonklúzje is neffens my dat sosiologysk ûndersyk faak neat foarstelt: eltse ûndersiker kin gegevens fabriseare om de winske konkluzjes te ûnderbouwen.”

Elzinga syn betizing kin ik wol út ‘e wrâld helpe. It ûndersyk fan it Frysk boargerpanel fan Partoer gong nammentlik foaral oer de behearsking fan it Frysk, wylst de útspraken fan Driessen (net fan Tresoar) yn de media foaral oer it gebrûk fan dy taal gongen. Dat binne twa ferskillende saken.

Wat hat Partoer ûndersocht?

De ûndersikers fan Partoer ha wol frege nei it gebrûk fan it Frysk, mar út de sifers dêroer binne gjin konklúzjes te lûken oer it ta- of ôfnimmen dêrfan. Dêrfoar wykt de fraachstelling fan de Partoer-ûndersikers tefolle ôf fan dy yn eardere grutte ûndersiken. Der is net folle hurde ynformaasje oer it gebrûk fan it Frysk sûnt 1994, mar tusken 1980 en 1994 is it gebrûk fan it Frysk wol dúdlik ôfnaam.

Wat witte wy út earder ûndersyk?

Wat seis grutte ûndersiken út de perioade 1980-2015 wol dúdlik sjen litte is dat de persintaazjes minsken dy’t Frysk prate en ferstean kinne likernôch gelyk bliuwe. Dat lit just de betrouberheid fan dy ûndersiken sjen. Oars sein: fan alle hûndert Friezen binne der likefolle as yn 1980 dy’t Frysk prate kinne, mar it is mooglik dat se dy feardichheid no minder brûke as doe.

Hoe ferdwynt in taal?

Taal ferdwynt meastentiids net heel stadich en regelmjittich, mar mei sprongen. Ast it persintaazje sprekkers yn in grafykje útsetst tsjin ‘e tiid, krijst in rige fan S-foarmige lyntsjes: perioaden fan stabiliteit wurde opfolge troch in flugge delgong en dan komt der wer in perioade fan stabiliteit. De foarige hurde achterútgong wie yn de jierren 70. Sûnt dy tiid is der stabiliteit yn it persintaazje Fryskpraters.

Wat betsjut dy stabiliteit yn de behearsking fan it Frysk?

Dat wol net sizze dat der yn dy perioaden fan stabiliteit neat gebeurt. It is goed mooglik dat it gebrûk fan it Frysk ôfnimt en dat in folgjende generaasje jonge âlden it nut fan it Frysk ynienen safolle leger ynskat as de foarige dat se de bern yn it Nederlânsk grutbringe. It kin ek wêze dat húshâldingen safolle faker mingdtalich binne dat se foar it Nederlânsk as thústaal kieze. It kin ek wêze dat de bern har fersette tsjin it Frysk as thústaal. By al dy senario’s kin der yn in pear jier tiid in flinke fal yn it oanpart Fryskpraters komme: de âldste generaasje stjert en de jongste praat gjin Frysk mear.

Is it Frysk no bedrige?

Der binne oars helendal net safolle oanwizingen foar dat de boppesteande senario’s reëel binne, as wy sjogge nei it eardere ûndersyk. De Partoer-ûndersikers fûnen yn 2014 dat 52% fan de minsken yn Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Dat persintaazje is sûnt 1980 al stabyl. De ûndersikers fan de Fryske Akademy konstatearren doe ek al dat de Fryske taal lang net altyd trochjûn wurdt oan ‘e bern.Yn 1994 konstatearren de ûndersikers ek wer dat it Frysk as thústaal ôfnaam wie en it persintaazje Fryskpraters op ‘e befolking bleau mar gelyk. As Driessen no wer konstatearret dat it trochjaan fan it Frysk oan ‘e bern stûket, betsjut dat dus blykber net automatysk dat der in delgong yn it persintaazje Fryskpraters oankomme moat.

Hoe’t it mooglik is dat relatyf in soad Frysktalige âlden de taal net oan ‘e bern trochjouwe, wylst it persintaazje Fryskpraters gelyk bliuwt, is in riedsel, alteast foar my, mar blykber is it mooglik. Ik ha wol wat spekulative ferklearringen heard, bygelyks: Frysktaligen soenen mear bern krije, Nederlânsktaligen soenen de provinsje  relatyf faak wer ferlitte. Oft it wier is en oft it in passende ferklearring is, wit net ien.

Is it Frysk no bedrige? Sit der in flugge fal fan it persintaazje Fryskpraters oan te kommen? Ik nim de agnostyske posysje yn. Ik ha wier gjin idee. De stabiliteit is net perfoarst reden foar tefredenheid, de breklike oerdracht oan ‘e bern is net perfoarst reden foar soarch.

Wol frustrearjende ûntjouwingen

Ik ha nei oanlieding fan de berjochtjouwing oer Driessen syn ûndersyk berjochten sjoen fan minsken dy’t ferwachten dat it hast dien wie mei it Frysk, mar ek in sitaat fan Waling Dykstra, dy’t oardel ieu lyn al sei dat er deadsferwachtingen foar it Frysk om him hinne hearde. Dykstra syn útspraak waard luchtichjes sitearre, om oan te jaan dat der al sa lang ûndergongsfoarsizzingen dien wurde foar it Frysk, wylst de taal noch altyd bestiet.

It Frysk stjert ynearsten net út. Der binne noch safolle jonge Frysktaligen dat it Frysk oer tachtich jier noch altyd sprekkers hat. Dat is lykwols gjin reden om luchtichjes te dwaan oer de trends dy’t de taalûndersikers de ôfrûne heale ieu sinjalearre ha: it Frysk is minder fanselssprekkend wurden as sprektaal op it plattelân, it gebrûk derfan yn it deistich libben is ôfnaam, it is net mear automatysk de taal dy’t tsjin ‘e bern brûkt wurdt, der komme minder Fryske boeken út. Dy ûntjouwingen soargje der fuort net foar dat it Frysk útstjert, mar op harsels binne se wol frustrearjend, foar ús, de minsken dy’t no Frysk prate en dy’t sjogge dat har taal syn fitaliteit kwytrekket.

 

 

Nuttige links:
taalûndersyk Partoer 2014
taalatlassen provinsje Fryslân 2007, 2011, 2015

juny 16, 2016 10:07
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Sigrid juny 17, 15:50

    Leuk, foar de feroaring wer ris in relativearjend stik! Spitich dat ik net by de presintaasje fan dat ûnderwyk wie. Foar safier’t ik heard ha, gong it der om wei..

  2. Abe de Vries juny 17, 19:44

    De ûnderskate taalûndersiken binne net mei-inoar te ferlykjen. Twa: de ûndersyksmetoade (survey) jout gjin betroubere gegevens oer taalgebrûk. Minsken sels ynfolje litte wat se fan har eigen taalgebrûk tinke, seit neat. Sokke surveys hawwe in return fan noch gjin 40 persint. En dy’t it ûnderwerp neat ynteressearret, leveret it formulier net yn. In goed ding soe wêze, net om te pleitsjen foar in ,,it falt wol ta” hâlding, mar foar in ûndersyk dat wól relevante gegevens opsmyt. Dy’t my net leaut, kin op Fers2 syn miening skerpje oan mar leafst trije stikken (fan Friduwih Riemersma) oer it ûndersyksgegûchel. Wêrom freget nimmen om relevante sifers? De komplotteory seit: om’t dan yn ien kear dúdlik wurdt dat it wenstige taalbelied faalt.

  3. Henk juny 17, 23:10

    Abe, ik diel dyn krityk op dy ûndersyksmetoade: selsrapportaazje jout wis in fertekening en troch selsseleksje is der grif ek noch in fertekening. Allinne is it probleem dat it selsrapportaazje faak de iennichste manier is om oan grutte tallen gegevens te kommen.

    Ik bin it net mei dy iens, ast seist dat de ûndersiken net te ferlykjen binne. Dat binne se no just wol, sawol yn metodyk as yn fraachstelling as yn de ferwurking en presintaasje fan de gegevens. It kin bêst dat de sifers fierste posityf binne, mar troch de ferlykberens fan de ûndersyk binne se troch de tiid hinne wol te ferlykjen. Sjochst dat in pear sifers sûnt 1980 gelyk bleaun binnne. Dat binne it oanpart memmetaalpraters op ‘e Fryske befolking en de persintaazjes minsken dy’t sizze dat se ridlik oant heel goed Frysk prate en fersteane.

    Ik soe ek wolris in kwalitatyf ûndersyk ha wolle, sa’t Jehannes Ytsma dat yn ‘e jierren 90 by skoalbern dien hat. As dat op in represintative stekproef fan ‘e befolking útfierd wurdt, witte wy tenei ek hoe grut oft de fertekening is by it type ûndersyk dat de Fryske Akademy, de provinsje en Partoer útfierd ha. Ik bin allinne bang dat soks praktysk ûnútfierber is.

    In respons fan in lytse 40% is oars net sa raar. By grutte enkêtes ûnder it publyk leit de respons faak folle leger. Nochrisom: der is wis in fertekening troch selsseleksje, mar foar publyksenkête op basis fan selsrapportaazje binne se net min útfierd.

  4. Abe de Vries juny 18, 09:38

    Ik hie eins de ûndersiken sûnt Pietersen (1969, útfierd yn 1967) yn ‘e holle.
    Mar ‘net praktysk útfierber’ betsjut meastal: der is te min jild foar. En lit dat no krekt eat wêze dêr’t de provinsje genôch fan hat.
    It wol mar min yn my del dat der te uzes neat is, útsein it waar, dêr’t mear oer praat wurdt as de taal, en krekt dêroer binne gjin betroubere sifers foarhannen. Mar wat noch slimmer is: der wurdt ek gjin war dien om ál betroubere sifers te krijen. Der is in hege hoed, en dêr komme polityk-noflike mar sosjaal-skealike quotes út, dat is it sa’n bytsje. En wat it slimst is: de Fryske Akademy wit dat allegear wol, mar likegoed krije wy fan dy kant yn desimber alwer sa’n pseudo-‘ûndersyk’ foar de kiezzen. As de Sintrale As no tsien sentimeter minder breed útfierd west hie, of fiifhûndert meter koarter, dan hie elke Fries trochseage wurde kind. Kennis is macht. Mar gjin kennis ek.

  5. Henk juny 18, 12:34

    Ja, ik ek. Foar alle wissichheid: dy sifers binne de iennichsten dy’t in byld jouwe fan de sprekkeroantallen yn Fryslân. Se binne allegear basearre op selsrapportaazje: de ynwenners fan Fryslân joegen oan hoe goed oft se it Frysk behearsken. Neist dat kwantitative ûndersyk is der op folle lytsere skaal ek kwalitatyf ûndersyk dien, by skoalbern. As men beide foarmen fan ûndersyk kombinearret, is nei te gean yn hoefier oft selsrapportaazje betrouber is.

    It is dreech om op in oare manier oan sprekkeroantallen te kommen as troch selsrapportaazjes. Der is my net ien taal bekend dêr’t betroubere sprekkeroantallen fan bekend binne. Foar it Nederlânsk en oare grutte talen wurdt faak oannaam dat alle ynwenners fan it offisjele taalgebiet de taal prate, foar lytse talen (Welsk, Sorbysk, Sealterfrysk) is de metoade om oan oantallen te kommen meast selsrapportaazje of in skatting.

  6. Jehannes Elzinga juny 20, 20:44

    Prima stikje fan Henk Wolf!

    Hoe dan ek, it wurdt tiid dat we ús folslein ynsette foar ús taal. Net mear frijbliuwend geëamel dat we sa’n moaie taal hawwe dy’t we bewarje moatte, en ûnderwilens Hollânsk prate om sjen te litten hoe ûntwikkele wy binne.. Dit jildt foar de boargers mar ek foar de oerheid en it ûnderwiis.
    It Frysk moat mear status krije, en dat kin troch sjen te litten dat it Frysk ek ekonomomysk in tafoege wearde hat yn de maatskippij. Dêrom hear foar eltse funksje by de oerheid en yn it ûnderwiis it behearsken fan it Frysk in funksje-eask te wêzen by fakatueres. Salang’t de provinsje, gemeenten en it ûnderwiis dit net dogge, moatte se net sabeare de skyn ophâlde foar it Frysk te wêzen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.