Requiem fan Gerrit Breteler

juny 30, 2016 08:41

Cityproms Ljouwert presintearre ôfrûne wike tal fan muzikale aktiviteiten. Ien fan de hichtepunten wie it Frysktalige requiem ‘It komt sa’t it giet’ fan Gerrit Breteler, wenjend yn Nes by Dokkum. Foar it grutste part is de muzyk skreaun troch Johan Bijhold út De Jouwer. Sa’n fiifhûndert minsken wennen it prachtige konsert by. Elkenien dy’t meidie, wie goed op dreef. Dat wie te sjen en te hearren. It konsert waard holden yn de Gruttsjerke fan Ljouwert.

Under de besiele lieding fan de Stendendirigint Hans de Wilde út Sutfen en de ynstrumintale begelieding fan Johan Bijhold, krige it Requiem de krekte útstrieling. De Wilde wist it Stendenkoar sawol yn de sêfte as yn de lûdere parten strielje te litten. Twa solisten út it koar, te witten Marieke Sytema en Thirza Douwes songen dit Requeim nei ‘hegere hichten’ ta. Dat jildt ek foar de begelieding troch in stikmannich profesjonele ynstrumintalisten fan it Nationaal Symfonisch Kamerorkest (NASKA) en trije jonge musisy fan it Stendenkoar sels.

In foto fan de pleats fan Keanske stiet op de foarside fan it programmaboekje. Dy stiet as metafoar foar de teloargong fan de lânskiplike útstrieling fan Fryslân. Minsken binne slaaf wurden fan jild en matearje.

Alles byinoar is it konsert geweldich slagge. It waard oan ’e ein beleanne mei in daverjend applaus fan in tsjerke fol harkers. Elkenien reagearre koart en dúdlik: Prachtich! Guon fregen oft it Requiem noch faker útfierd wurde kin. “Ik bin beskikber”, sei Gerrit Breteler. KH2018 is yn oantocht! Wa wit!

Sjoch ek it eardere berjocht hjiroer op It Nijs: It komt, sa’t it giet

Frâns Kuipers, It Surhústerfean

juny 30, 2016 08:41
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Ernst july 4, 23:22

    De “pleats” fan “Kinske” moat it wêze, neffens my.
    Ernst Meinsma
    Ned

  2. Ernst july 4, 23:23

    De “pleats” fan “Kinske” moat it wêze, neffens my.
    Ernst Meinsma
    Nes

  3. Frâns july 6, 12:24

    Ernst, teffens Gerrit Breteler is it de “Pleats fan Keanske!” Keanske wenne dêr fier yn it ferline.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.