Mei-inoar kinne wy yn oardel jier it Frysk rêde

juny 15, 2016 09:15

It Frysk giet allinnich mar fan ús ôf om’t wy ús eigen autentike identiteitbepalende taal ûnnedich problematisearje. Mar it is krekt in kostber kultuerbesit en as wy dêr tenei sa mei omgeane, kin ús fiere neiteam der ek noch fan genietsje.

Gjin niget dat de nije generaasje hast gjin Frysk mear praat – bûtendoar noch mar 22 % – as sels yn de Fryske Nasjonale Partij dy taal feitliks oerstallich driget te wurden. Sa’t winliken rûnom yn Fryslân al it gefal is. It brûken fan in taal moat in funksje ha, oars ferdwynt er. Foar wa’t him by de FNP oanslute wol, is it dochs net sa’n toer om it Frysk te learen? Mar as sels neffens de FNP-pommeranten soks al te folle frege is, wa hat dan noch ferlet fan ûnderwiis  yn it Frysk? In dearinnend paad; it moat folslein oars! En dat kin maklik.

Muoike-SaakjeIt is ommers hielendal gjin toer om in taal yn libben te hâlden: soks is mei sizzen al te dwaan, sa’t foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging it alris omskreau. De swierrichheid is allinnich dat wy yn petearen altyd fuortdaliks oergeane op de taal fan de oar. Faaks sit dat al hast milennia yn ús kultuer, om’t kommunikaasje altyd wichtich wie foar de hannel. It hat miskien ek te krijen mei de ferkearde ûnderstelling dat ien dy’t in taal net praat – en dêrfan is der hjoed-de-dei altyd wol ien binnen gehoarsôfstân – dy taal ek net ferstiet. Yn werklikheid kinne omtrint alle ynwenners fan Fryslân it Frysk ferstean (94 % neffens de Fryske taalatlas 2015). Dus twatalige petearen soene gjin probleem wêze moatte. Mar minsken lykje wol graach yn deselde taal mei-inoar te praten. Mooglik hat soks mei spegelneuroanen yn ús harsens te krijen.

WynsenIt is dêrom de baas dat suver alle ynwenners fan Fryslân harren skielk in bytsje rêde kinne yn it Frysk. Alteast, genôch om yn safolle mooglik situaasjes Frysk as fiertaal brûke te kinnen. Om sadwaande ús ymmateriële kulturele erfskip net ferlern gean te litten, mar troch te jaan en it mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 oan de wrâld te toanen. Dat kin as de Frysktaligen de oarstalige ynwenners fan Fryslân alle dagen ienfâldichwei in pear wurdsjes Frysk bybringe. It behearskjen fan in pear tûzen wurden fan in taal is al genôch om deryn kommunisearje te kinnen. Dat, wêr ha wy it oer? We ha noch goed fiifhûndert dagen oant 2018. Dêrmei is it noch moai op ’e tiid foar in KH-taaloerdachtprojekt.

Alle Frysktaligen dy’t wiis binne mei it Frysk (de grutte mearderheid neffens enkêtes) kinne moarn al úteinsette mei it oerdragen fan sa’n fiif Fryske wurden deis oan net-Frysktaligen dy’t de taal behâlde wolle (likegoed de measten). It projekt neame wy ‘Wy jouwe elkoar de fiif’; it is grut mar fergees, dus in oanfraach by de KH-organisaasje is net nedich. En it is maklik te realisearjen, want der hoecht neat organisearre te wurden. Elkenien soe sels in taalmaatsje sykje kinne. Mar sa strukturearre hoecht it net iens. Praat gewoan tsjin elkenien Frysk en jou der in oersetting by fan de wurden dy’t net daliks ferstien wurde. Sykje ris wat moaie wurden op dy’t jim net safolle mear hearre – lês foar ynspiraasje in Frysk boek of sjoch op Startside.frl foar Frysktalige websiden – en brûk dy ek wer ris. Trúnje oaren oan om itselde te dwaan. It is allinnich in útdaging om troch bewende patroanen hinne te brekken. Mar dat is no wol nedich. Oars fergiet ús kultureel erfskip.

Nanne Hoekstra

juny 15, 2016 09:15
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Abe de Vries juny 15, 10:15

    ,,Wol it Frysk oerlibje, dan sil it foar in grut part fan ûnderen op komme moatte”, skriuwt Pier Bergsma. Dat klinkt goed, mar sûnder politike inisjativen ,,fan boppe-ôf” sil it net slagje om de delgeande trend yn it Frysk om te bûgen. De oerheid jout ommers, fia syn ûnderwiis, inkeld mar it sinjaal ôf dat it Frysk in twadde-, nee, tredderangstaal is yn ús multy-paradys. En dan sil de gewoane man dyselde oerheid ûngelyk jaan moatte? Ien ding soe de Fryske beweging op omkôgje moatte: net de gewoane Fries hat skuld oan it taalferlies; it is de oerheid dy’t him twingt en driuwt nei it Nederlânsk (en hjir hawwe wy ek dalik de ferklearring te pakken wêrom’t de 2018-útstellen fan de BMDF en de RfFB gjin jild krije….Mei Nanne Hoekstra syn oars prima idee allinnich komme wy der dus ek net. Dy’t net politsearje wol, ferliest de slach. It is krekt wól: freegje ris wat it Frysk foar dy dwaan kin. Want inkeld as ik mei it Frysk maatskiplik wat kín, sil ik der soarch oan besteegje, eksamen yn dwaan, de taal brûke. Taalbrûkers brûke de taal net út idealisme, mar út pragmatyske oerweagings.

  2. Sybren juny 15, 12:48

    It Frysk ferliest terrain yn de iepenbiere romte romte omdat de spilers, de iconen der it Frysk net bruke. Dat begjint mei de Kening, wereom kin de man net wat wurden Frysk prate as hij hjir lykas juster wie?
    Dan de Kommissaris, hoefaak utert dy him yn it Frysk? EN dan de oare politisi, de kunstners en safurthinne. Ik pleitsje dus foar in rjucht kampagne op de opinymakkers.

  3. Joute de Graaf juny 15, 13:44

    Nanne en Abe meitsje beide wol opmerkingen dy’t hout snije. Fansels moat wy yn it maatskiplik ferkear en de polityk mei ynset fan posityf tinken omtinken jaan oan it heechhâlden fan ús taal.Wy binne en wurde der troch tekene. Ik tink oan de ferwoarteling fan ús as Friezenmei it lânskip, de betrou -berens(?), de fêst -hâldenheid, it emoasjo -niele, de snoadens. Bliuw der fan oertsûge. Dat moat net liede ta in ferkeard soarte fan ‘nasjonalisme’, mar wol hoekhâlde tsjinoer de goarre fan ynfloeden fanút de Rânnestêd en noch fierder. Bestoerders dy’t ús dêr oanútleverje wolle om mei te gean ‘ in de vaart der volken’ moatte we in spegel foarhâlde dat we ús just toanne moatte mei ús eigenheid útstrieling te hawwen en dat ek útdroegen ha te wollen. Fine se dat âlderwetsk dan moatte se opkeard wurde om op hege posten yn it bestjoer fan de provinsje, gemeenten, soarchynstellingen, skoallen ensafuorthinne lieding te jaan.En wolle we ús lytse Fryslân sa op ‘e kaart hâlde dan heart taalbefoardering derby.
    Blinder… elkoar dêrta opbouwe en stypje
    Joute de Graaf, Snits

  4. Nynke Beetstra juny 16, 12:49

    Abe de Vries hat gelyk: salang’t it Frysk yn it ûnderwiis as twadde- of tredderangstaal behannele wurdt – as it al behannele wurdt – sille bern (en letter dus folwoeksenen) net folle wearde oan it Frysk takenne. De oerheid moat syn ferantwurdlikheid dêryn nimme en mei jild en belied it Frysk it plak jaan dat it fertsjinnet. Pas dan ûntstiet der selsrespekt by de Fryskpraters en kin it minderweardichheidskompleks ôfskodde wurde. Ik bin op dit stuit yn Ierlân en sjoch rûnom op alle buorden en oare oantsjuttingen twatalige opskriften. It Gaelic faak noch boppe it Ingelsk, wylst it Gaelic hjir in folle lytsere taal is as it Frysk by ús. De minsken binne hjir grutsk op har taal en kultuer, dat moatte de Friezen ek doare te wêzen. Se moatte it gefoel hawwe dat it derta docht om Frysk te praten, dat it status hat en dat it yn Fryslân wat taheakket. Politisy en oare pommeranten hawwe dêr in foarbyldfunksje yn. Dat jildt seker foar FNP’ers.

  5. Bertus Jans Postma juny 16, 16:05

    Ik haw in rektor ris sizzen heard: ‘Alles dat ik hjir sis, is al earder sein.” In wiis wurd,tinkt my, en dat fan in bêtaman. Wy skriuwe de hûndert út. Ferskite wy ús tiid dêr net mei? Dêr is ommers dochs gjin nij nijs ûnder de sinne, gjin oar nijs as âld nijs. Mar skriuwen is neat, dwaan is in ding. En wa docht dat ding? Wannear sille wy los?

  6. Sigrid juny 17, 15:33

    Leuke slogan, mar ik bin ek wol in Darwinist. In ekonomysk model is hjir tapasber. In taal leare kostet muoite. Ast wolst dat in mearderheid de taal goed leart en brûkt, moat it ek wat opleverje. It helpt om it foardiel fan it Frysk yn regeljouwing fêst te lizzen, sadatst bygelyks by sollisitaasjes foar oerheidsfunksjes of klantkontakt yn Fryslân as Fries mear kâns makkest. Sa’n regel is ek út te lizzen om’t it wol deeglik foardielen hat ast de taal fan de klant praatst.

    Fansels hat it Frysk by ús in streekje foar. It is in moaie taal en ast der in bining mei hast, dan hast der wat foar oer sûnder datst der wat foar werom hoechst. Mar dat jildt net foar de mearderheid fan de minsken. Taal is macht en macht leit by de oerheid en de plaatslike ekonomy.

  7. Abe de Vries juny 17, 21:36

    Dwaan is in ding, seit Bertus Jans. Dat is ek sa. Earst: in plan meitsje foar feroaringen yn it ûnderwiis, plus it formulearjen fan funksje-easken by de oerheid wat it behearskjen fan de taal oanbelanget. Twa: de boer der mei op. Trije: de FNP deroan ferbine. (Twa en Trije meie ek oarsom :-)) Fjouwer: gjin dielnimmen fan de FNP oan Deputearre Steaten as dat plan net fierhinne realisearre wurdt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.