Fryske taal leit der raar hinne

juny 11, 2016 14:56

Fryslân fernederlânsket folle rapper as elkenien tinkt. Dat fertelde ûnderwiiskundige Geert Driessen freed op in sympoasium by Tresoar yn Ljouwert. Driessen hat it gebrûk fan streektalen yn Nederlân ûndersocht en sjocht oeral deselde tendins.

Mar 22% fan ’e bern yn Fryslân praat bûten de doar Frysk. Yn 1994 wie dat noch it dûbelde. Thús praat 32% fan ’e bern Frysk. Dat wie yn 1994 noch 48%.

Neffens Driessen kinne allinne minsken mei bern de taal rêde. Hja moatte konsekwint Frysk tsjin ’e bern prate. “Daar moeten ze principieel achter staan”, sei de wittenskipper.

“Gjin Frysk mear skriuwe”

Han van de Velde fan de Fryske Akademy pleite derfoar om it Frysk as skriuwtaal oer te jaan en alle omtinken op it behâld fan ’e sprektaal te rjochtsjen. “Het nog leren lezen en schrijven is een verloren zaak”, sa sei er. Syn kollega Edwin Klinkenberg ornearre dat jongelju op ’e sosjale media just mear Frysk brûke as earder. Neffens Driessen is de minne kwaliteit fan dat Frysk funest foar de taal. “Kwaliteit is heel belangrijk voor taalgebruik”, sei er. “Het moet van hoge kwaliteit zijn, anders heeft het geen zin.”

juny 11, 2016 14:56
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. X. juny 12, 17:20

    Wêrom makket de Fryske Akademy in nije stavering en sizze se dan dat it better is om it Frysk net mear te skriuwen? Wat is de logika?

  2. Johannes juny 13, 15:07

    Twa pommeranten witte wat in taal docht. Fan de iene hoecht it skriuwen net mear en de oare wit wat fan ‘e kwaliteit fan ‘t skriuwen, dan wurdt it neat. Elke hûndert jier wurdt er sein dat it Frysk op ‘e lêst rint. Mar it libbet noch altiten as in hert. Yn ‘t Nederlânsk slûpe in protte Ingelske wurden yn ‘t taal brûken. Soe it dêrom en ek fluch oer en út wêze? Ik tink fan net.

  3. Eric juny 13, 17:17

    Wat Hans van de Velde fynt is net automatysk wat de Fryske Akademy as gehiel fynt.

  4. Jehannes Elzinga juny 14, 23:34

    Wat moatte wy no leauwe? Út in ûndersyk fan Partoer oer talen yn Fryslân yn 2014 die bliken dat it gebrûk fan it Frysk amper ôfnimt en út dit ûndersyk fan Tresoar blykt dat it gebrûk fan it Frysk hiel hurd tebek rint. Ra, ra, hoe kin dit. De haadkonklúzje is neffens my dat sosiologysk ûndersyk faak neat foarstelt: eltse ûndersiker kin gegevens fabriseare om de winske konkluzjes te ûnderbouwen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.