Elske Schotanus en it Frysk

juny 17, 2016 19:54

Fan ús Fryske skriuwers moatte we it mar hawwe! Men soe fan tinken wol hawwe dat hja foaroan steane by it behâld fan ús Fryske taal. Mar dat jildt spitigernôch net foar alle Fryske skriuwers. Guon skamje harren eins foar it Frysk en soene eins leaver yn it Hollânsk skriuwe (of noch leaver Ingelsk!). Mar ja, dan is der drege konkurrinsje, dêr’t hja net tsjin op kinne, dêrom dan dochs mar dat suterige boeretaaltsje. Thús prate hja Hollânsk en fiele harren dochs in bytsje part fan de elite, dêr’t hja sa graach by hearre woene. In foarbyld dêrfan is Elske Schotanus. Sa seit hja yn de Ljouwerter krante fan 16 juny: “Ik ha myn eigen bern trouwens Nederlânsktalich grutbrocht. Myn partner wie Nederlânsktalich, dan krije je soks.” Wat is dat foar redenaasje? It soe krekt in reden wêze moatte om de bern Frysktalich op te bringen; se leare ommers wol Nederlânsk fan de partner! It harren ferbrekken fan Friezen jout de deastek oan it Frysk. Mar dat sil Elske in soarch wêze, hja brûkt it Frysk ommers allinnich om mei taal te boartsjen…

Jehannes Elzinga,
Frjentsjer

juny 17, 2016 19:54
Skriuw in reaksje

14 opmerkingen

  1. Abe de Vries juny 17, 20:10

    It hat net folle doel om oaren te ferwiten wat se mei harren bern al of net dogge. De Fryske beweging moat ôf fan it gesanger oer it hâlden en dragen fan Friezen foar har taal oer. By de oerheid, dêr is it te heljen. Underwiis, ûnderwiis, ûnderwiis. Dêr moatte de aksjes op rjochte wêze. Yn dizzen liket it my de taak fan de beweging om syn partij, de FNP, út it grêf te slepen en oan it wurk te setten.

  2. Anne Popkema juny 18, 00:03

    Wat Abe de Vries seit. Underwiis, en dat yntegrearje mei in nije wize fan foarljochting oan jonge âlden. Beide saken dêr’t wy yndie de oerheden ta oantrune moatte.

    O ja, en wat minder fan dat ôfwaaide praat, as it heal kin, Jehannes Elzinga.

  3. Jabik van der Bij juny 18, 20:52

    Op nei de diktatuer, mannen. Wy ha ferlet fan in taalpoetin. Dy sil de lju it Frysk wol troch de stôte triuwe. Hâld dochs in kear op mei it ivige ôfskowe nei de oerheid en it ûnderwiis. As it folk sels gjin sprút om de taal jout wat is dan de legetimaasje foar in oerheid of in FNP om it der yn te huffen?

  4. Daam de Vries juny 18, 21:15

    No, dat is hiel simpel Jabik: Salang’t der op plysjeweinen ‘politie’ stiet, witte wy fansels net dat dat ‘plysje’ is, witte wy net dat ‘brandweer’ de ‘brânwacht’ is en likemin witte wy dan dat in ‘ambulance’ in ‘ambulânse’ is. Dêr kin it folk net in soad oan dwaan.

  5. Jabik juny 19, 15:01

    As dat folk dat sa ha woe dan soe it der grif komme. Spitigernôch jouwe de measten de foarkar oan it Hollânsk. En as de âlden fine dat der op skoallen likefolle omtinken oan it Frysk as it Hollânsk jûn wurde moat dan soe dat der fan komme. Mar dat strykt de measte Friezen no krekt tsjin de hierren yn. De FNP is har fierstente Frysk en dus sil dy partij nea in faktor fan betsutting wurde.
    As jo wol wat fan de oerheid ferwachtsje meie dan leit dat yn it helpen om de Friezen har bewust wurde te litten fan it goud dat se yn hannen.

  6. Abe de Vries juny 19, 16:51

    De tinkwize fan Jabik van der Bij leit oan de basis fan it grutte súkses fan de FNP yn de striid foar it Frysk. Dat súkses is sa grut, dat net ien it mear sjen kin. Tiid om de klok by de tiid te bringen, Jabik. En bestudearje asjebleaft nochris de skiednis fan it Frysk ûnderwiis. Of, ast it dy net oan tiid dwaan wolst, nim mar oan dat de regelingen sa’t dy yn de fyftiger jierren fêstlein binne neat mei demokrasy te krijen hawwe. Wat is dat foar stomme riddenearring? Jabik van der Bij yn 1914: as de minsken algemien stimrjocht ha woene, dan hie it der al lang west. Ja hear. En meie Poetin en Hitler en sa miskien efkes bûten de diskusje bliuwe?

  7. Jabik juny 19, 20:42

    Dy skiednis ha ik sels belibbe as ûnderwizer oan 2 twatalige skoallen en letter as bestjoerslid fan it Pedagogysk Advysburo nei’t ik nei fiif jier út Hollân werom kaam. De twatalige skoalle is ûnderút helle troch de âlden. Net troch te min stipe út De Haach wei. De ynspekteurs Boelens, Sipkens en Elzinga wiene striders foar de twatalige skoalle lykas har baas de haadynspekteur Kleijwegt yn Grins. Ik ha se persoanlik kennen. It liket my de baas dat Abe sels nochris stúdzje makket fan it ûnderwiis yn it Frysk. Lês Koen Zondag syn skiednis fan it twatalich ûnderwiis mar as earste. De leagde sil ek yn dit gefal fan twa kanten komme moatte.

  8. Abe de Vries juny 19, 23:28

    Jabik, ekskús. Ik wol freonlik – en Poetin-frij – bliuwe. Wêr’t it my om giet, is dat noch it twatalich ûnderwiis, sa’t dat fan de fyftiger jierren ôf besocht is, noch it trijetalige ûnderwiis, fan de lêste desennia, bûge kin op súkses. Wy ha de polityk útfûn ûnder mear om yngripe te kinnen yn ûnwinsklike sitewaasjes, en polityk hat te krijen mei oerheidsbelied. Myn stelling is dat noch de beweging noch de FNP har genôch rekkenskip jouwe fan it feit dat it Frysk ûnderwiis sa’t it no is, in dearinnend spoar is. Dat moat feroarje, wol der politike aksje komme kinne foar in oar spoar. Yn de lêste alinea fan myn stik oer demokratisearring en literatuer ha ik besocht, koart, dêr in basis foar oan te jaan. Twa- en trijetalich ûnderwiis is akkomodaasjepolityk dy’t ûnderstek docht oan myn minskerjocht op goed ûnderwiis yn myn eigen taal. De oerheid heart it útoefenje kinnen fan minskerjochten net inkeld mooglik te meitsjen mar ek seker te stellen. As er dat net docht, jout de demokrasy kânsen om dy misstân op de aginda te setten. Dêr begjint it mei. Dat te dwaan is de belangrykste taak fan de beweging de kommende jierren – dêr stiet of falt syn besteansrjocht mei.

  9. Jabik juny 20, 06:15

    Ik tink dat wy it foar in grut part iens binne. Allinne, de polityk heart te wurkje op grûn fan dat wat der libbet by it folk. De twatalige skoalle hie op de 84 skoallen yn de 60-er jierren bêst fol sukses ek al wie der foar de hegere klassen noch wol hiel wat te ferbetterjen. It kaam earst fan’e grûn nei kneppelfreed doe’t se yn De Haach tochten dat de Friezen op har rjochten stiene. Yn feite wie der nei de twa steatskommisjes alle romte om it Frysk syn gerak te jaan mar de âlden lieten it sitte en dat is de lêste 30 jier net feroare. Ek Fan Geunst nei Rjocht wie in goede oanset mar waard net omset yn dieden. Dêrom bliuw ik by de stelling dat it fan twa kanten komme moat: it Fryske folk wol ûnderwiis yn de eigen taal en it regear skept dêr de romte ta. Neffens my stûket it by it earste en moatte wy konstarearje dat it Frysk yn it ûnderwiis noch hieltyd neat foarstelt. Ûnderwiis is in produkt fan de mienskip.

  10. Abe de Vries juny 20, 13:04

    Ik wol it graach fan de oare kant besjen. Wat de FNP en de beweging dogge, is de Friezen de skuld jaan fan it feit dat se tastean dat har minskerjochten skeind wurde. ‘Opwekking’, sa’t trouwens ek in evangelyske lietebondel hjit, is mar ien kant fan it ferhaal. De oare kant is it feit dat der politike partijen en bewegingen wêze moatte om de werklikheid te feroarjen. De evangelyske rjochting dy’t de Fryske beweging yn de njoggentiger jierren ynslein is, dêrfan kinne wy sizze dat dy net in winske risseltaat hân hat. Mei syn iensidige klam op Fryske evangelisearring kin de beweging net hiel lang mear trochgean, want dan is der aansen net ien mear oer om te evangelisearjen. Dus it moat (ek) oars. En it moaie is: it politike ramtwurk leit der yn grutte linen al. Der is in Hânfêst, der is in Taalwet, gean sa mar troch. It iennichste wat no noadich is, is de politike erkenning dat dat ramtwurk oan no ta net (foldwaande) útwurket. In nij elan is noadich om dêr feroaring yn te bringen. Dat nije elan moat dus net socht wurde by it yntinsivearjen fan deselde âlde evangelisearjen – en dan mar kleie dat de minsken sa sleau binne en net wolle. Nee, it moat socht wurde by de basis: myn minskerjocht wurdt skeind. Der is gjin goed Frysk ûnderwiis, wat der neffens allerhanne moaie regelingen en wetten wól wêze moatte soe, en de polityk moat dêryn mei politike stellingnames en aksjes besykje feroaring yn te bringen. Yn dizzen helpt it ek net om wer oan te kommen mei etnisiteit en territorialiteit as bases foar Fryske striid – dat sil minsken inkeld mar ôfskrikke. It mobilisearjen fan it symboalyske kapitaal fan de minskerjochten lykwols hat it yn him om op mear sympaty rekkenje te kinnen. Soks begripe se ek yn de Rânestêd en yn it bûtenlân en sels de net-Frysktaligen yn Fryslân sels moatte achte wurde om tsjín skeiningen fan minskerjochten te wêzen. It soe in goed ding wêze as de RfFB oer dit tema meikoarten in konferinsje of sympoasium organisearje soe. It alternatyf is der fansels ek: mar roppen bliuwe dat wy allegear sa sleau binne. Mar sokke ‘polityk’ feroaret gjin byt en soarget inkeld mar foar in befêstiging fan de besteande misstannen.

  11. Jehannes Elzinga juny 20, 20:26

    Efkes werom nei wér’t it my om gie: meie wy Frysktaligen persoanlik oansprekke op it net brûken fan it Frysk tsjin harren bern? Neffens my wol. Se lûke harren der faaks neat fan oan, mar dan is it dochs sein!

  12. Bertus Jans Postma juny 22, 16:46

    Ophâlde, jonges! Ophâlde fan tsieren.mei Abe.Foar Jabik: Ik haw by Sipkes yn ‘e klasse sitten.op skoalle 14 yn Ljouwert. Foar Anne: Yn Grins libbet it wat makliker. Ik stean oan Jehannes syn kant. It is al jierren, al ieuwen,.itselde. praat. ‘Betink in mûklist, jonge freonen!.’. In Fryske skoalle is in andert op alle praat-fan-neat en op alle swiersettigens.

  13. Aage M juny 22, 21:58

    Jim hawwe myn mule sletten! Censuur en wer giet it eins oer? In bytsje stichtlyk seurjen fan Abe de Vries.
    Dat boek fan jo leit no foar 5 euro by it Afuk, se kinne it neat mear oan de strijtestiennen kwyt.

  14. Cees van der Meulen juny 27, 16:34

    Werom fan fakânsjeje lês ik de diskusje oer it Frysk. It betiizjende begryp draachflak dûkt wer op. Yn Nederlân wurde wetten oannommen as der yn beide Keamers draachflak foar is. Draachflak yn de polityk. Klear. Dan wurde wetten útfierd. Of net, sa docht bliken oangeande it Frysk yn it ûnderwiis. It is de wrâld op ‘e kop as dan op ‘e nij de boarger de romte bean wurdt te sizzen dat der draachflak foar de wet wêze
    moat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.