€ 21,3 miljoen foar Deltaplan Frysk fan de FNP

juny 21, 2016 20:04

Fryske_FlaggeHjoed hat deputearre Sietske Poepjes it nij Beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’ oer Kultuer, Taal, Underwiis en Sport (KTUS) fan de provinsje Fryslân presintearre. Yn it brief binne de ôfspraken fan de koälysje fan CDA, FNP, SP en VVD útwurke op dy beliedsmêden. Opfallend is dat mar leafst € 21,3 miljoen euro foar in Deltaplan Frysk reservearre is. Dat hat de FNP by de ûnderhannelingen foar in nije koälysje yn 2015 foarinoar krige. Dêrmei wurdt yntegraal foldien oan alle ambysjes út it koälysje-akkoart foar it Deltaplan Frysk. Doel fan it Deltaplan is it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk.

It Deltaplan omfiemet ferskate saken. Yn it foarste plak is der wer jild ornearre foar de ôfspraken mei it Ryk (Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer (BFTK). Dêrneist de materiële ynstânhâlding fan de lesoeren Frysk en it meitsjen en byhâlden fan les- en toetsmateriaal op skoallen. De aktiviteiten fan it SFBO, it Taalsintrum Frysk en de beide PABO’s oangeande it Frysk sille ek de kommende jierren bekostige wurde.

Foar digitale helpmiddels Frysk (tink oan taal op de telefoan en de sosjale media) is € 700.000 útlutsen. De útrikking fan literêre en kulturele prizen sil trochset wurde lykas de promoasje fan Frysktalige literatuer. Dêrneist wurdt ek útfiering jûn oan it projekt ‘Lân fan taal’ yn it programma fan Kulturele Haadstêd 2018 mei in bedrach fan € 5,1 miljoen. Foar de ymplemintaasje fan de Fryske taalwet is € 5,5 miljoen reservearre. Dêrmei wurde gemeenten en de rjochtspraak stimulearre om mear it Frysk te brûken en sichtber te meitsjen. Foar de meartalige trochgeande learline (‘Fan pjut oant promovendus’) sil de kommende 4 jierren € 7,8 miljoen oan jild ynset wurde. Dan giet it ûnder oare om mear Frysk- en twatalige pjutteboartersplakken, trijetalige skoallen en meartalich fuortset ûnderwiis. Neiskoalling foar leararen is dêr ek by ynbegrepen.

De plannen sille bestuivere wurde út de Algemiene reserve fan de provinsje Fryslân.

 

juny 21, 2016 20:04
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga juny 22, 11:57

    Is binnen dit budzjet ek jild beskikber foar it projekt “Fan Underen Op” fan de Ried fan de Fryske Beweging?

  2. joute de graaf juny 22, 18:31

    Dat liket my wol needsakelik.Lân fan Taal, al dy mieningen fan ‘faklju’, Deltaplannen. Tsjonge jonge.Wat fine wy der as gewoane Friesen der fan?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*