Undersyk nei de fernederlânsking fan it Frysk

juny 29, 2016 15:41

Hoe beynfloedet it Nederlânsk it Frysk? Om dy fraach beäntwurdzje te kinnen siket ûndersykster Myrthe Bergstra (sjoch foto) fan de universiteit Utert Friezen dy’t se fan tiid ta tiid fia de e-mail wat fragen stelle mei oer harren taalgebrûk.

Wa’t as ynformant oan it ûndersyk fan frou Bergstra meiwurkje wol, kin him/har oanmelde op it webstee https://www.soscisurvey.de/frysk/. De earste fragen wurde yn augustus of septimber ferstjoerd en de lêste yn 2018.

It Nijs publisearre ferline wike ek in oprop fan twa taalûndersikers om mei te dwaan oan in ûndersyk nei meartaligens yn Nederlân en Flaanderen. Dêr wurde ek noch dielnimmers foar socht.

juny 29, 2016 15:41
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Nynke juny 29, 15:57

    Ik wil wel meedoen.

  2. Breimer july 1, 07:10

    Bêste Nynke,

    De redaksje fan It Nijs kin jo oanmelding net trochjaan.
    Wa’t as ynformant oan it ûndersyk fan frou Bergstra meiwurkje wol, kin him/har oanmelde op it webstee https://www.soscisurvey.de/frysk/. As jo dat dogge krije jo daliks in ynfolformulier en mei it ferstjoeren dêrfan komt it yn oarder.

    Redaksje It Nijs

  3. W.H. van der Wal july 6, 22:04

    Sa as ik it besjen kin is ‘n wichtige reden fan it net Frysk sprekken fan Frysktalige minsken it net fan plan wézen fan Nederlânsk taligen om it Frysk oan to learen.

    1 , Omdat it Frysk as ‘n tael sjoen wurdt mei ‘n legere status.
    2 , Omdat jo mei Frysk dochs net fierder komme as Wolvegea
    3 , Omdat Friezen twatalig binne en wol Nederlânsk forstean en skrieuwe kinne.
    4 , Omdat sy to min respect foar de Fryske bevolking, skiedenis en cultuer ha.
    5 , Wiete net dat Nederlânsk heart by Dútsk en Frysk by de wereldtael Ingelsk.
    6 , Wiete net dat Frysk de âldste rjochten hat, ( hast hiel Nederlân wie Frysk )
    7 , As forlegje oanfiere dat sy bang binne om útlake to wurdden ( yn Dútsklân net bang foar )

    1 , Omdat to folle Friezen sels de eigen tael net heech genôg ha,
    2 , Omdat Friezen sels tinke dat Frysk minder rjochten hat,
    3 , Omdat Friezen maklik oergean yn it Nederlânsk , faaks ek út ‘n ekonomysk belang.
    4 , Omdat Friezen sels to min wiete fan de Fryske skiedenis yn Nederlân
    5 , To min Fryske skiedenis yn de Nederlânske Skiednis op skoallen en yn it Fuortset Ûnderwiis.
    6 , Omdat Friezen tinke dat it net “beleefd” is om frjemden as earst yn it Frysk oan to sprekken
    ( dérnei kin jo yn it Nederlânsk oergean.)
    7 , Omdat d’r nog hiel wat Friezen harren skamje foar har eigen tael by Nederlânsk taligen .
    8 , Nije wurdden, vaktechnyske wurdden, specifieke ûnderwerpen ,fyn d’r mar es ‘n goed Frysk
    wurd foar , dér ha wy it sels ek dreech mei, ek sa mei fortalingen út bygelyks it Ingelsk
    Myn ervaring is dat ik maklik yn it Nederlânsk oergean, mar as ik wiet dat hy of sy hjirre al lang wennet probearje ik Frysk , mar omdat hy of sy it Frysk nog leare moat en folhâld yn it Nederlânsk dwarret it
    net sa lang, de oarsaek leit by de twataligens fan ús Friezen en de punten die hjir u.o.neamd wurdde.

  4. W.H. van der Wal july 8, 14:56

    Wurd net lézen seker ?
    Gjin reaksjes,

  5. mbc84 july 10, 10:59

    W.H. van der Wal, jo hawwe gelyk. It Frysk en syn sprekkers hawwe gjin eigenwearde. Dy is ús ôfhannich makke wurden. De Hollanners ûnderfine yn dizze dagen no itselde (mei de opmars fan it Ingelsk en Arabysk). Ek sy hawwe harren eigenwearde ferlern. At jo jo eigenwearde ferlieze, wa wol dan noch by jo hearre? De Fries seit fierstenste gau en maklik dat er ek wol Hollânsk kin, en wol net iens ferwachtsje hoege dat dy Hollânsktalige ea ris Frysk praten leare sil. Sa krije wy der nea nije sprekkers by. En by ús eigen sitten der altiten noch kloften tusken dy’t de bern yn it Hollânsk grutbringe wolle. De Fryske polityk is hjir ek debet oan. De politisy tinke allinnich mar oan harrensels en harren karriêre, letter. Der sil net ien fan de PvdA of CDA wêze dy’t foar ús opkomt at wy te hearren krije dat klanten net oansprutsen wurde meie yn it Frysk (sjoch kwestje NS).
    Lêsten hat De Rie fan de Fryske Beweging dan lang om let it sa fier krigen dat ynformaasjefersjenning yn ‘e bus ek yn it Frysk wêze sil. Mar it wurdt beheind ta YN de bus, alles bûten dy bus bliuwt ientalich Hollânsk. Alles yn ‘e trein bliuwt yn it Hollânsk, op it stasjon ensfh. Sa jout it ommers noch gjin donder! En de FNP stiet derby en sjocht der nei en mient dat it in efterhoedegefjocht is. Man man man…

  6. mbc84 july 10, 11:00

    hoege te ferwachtsjen*

  7. W.H. van der Wal july 11, 21:55

    Dank foar de reaksje,
    De Fryske tael sil seker foroarje , en ik wiet ek net as dat nou sa hiele slim is as wy der mei
    it gebrûk fan it Frysk behâlde kinne.
    Sa brûk ik it wurd “wrâld ek al nooit mear,
    Wa hat it nog oer de Wrâldkampioenskippen ?
    Wy moatte d’r wol om tinke dat it Frysk wat by bliuwt mei de measten
    en derby liket it net slim dat er wat “elegantere ” wurden foar yn it plak komme.
    en ik betraapje my d’r op dat ik “nooit” skrean yn pleats fan “nea ”
    Mar it is goed dat wy Friezen ‘n eigen omrop ha , dy’t de noarm oan jouwt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.