Doch mei oan de taalenkête

juny 28, 2016 08:37 Fernijd

Nederlân en Flaanderen steane yn in protte boeken as Nederlânsktalich gebiet, mar Friezen witte dat dat in fierste ienfâldige foarstelling fan saken is. Neist it Nederlânsk wurde der ek autochtoane talen lykas Frysk en Frânsk praat, allochtoane talen lykas Javaansk, Surinaamsk en Arabysk, en ynternasjonale talen lykas Ingelsk en Dútsk.

De taalûndersikers Marten van der Meulen fan it Meertens Instituut en Fieke van der Gucht fan de Universiteit Gent wolle witte hokker talen oft der yn it “Nederlânske” taalgebiet allegear praat wurde, troch hoefolle minsken en wêr. Wurdt der yn Maastricht bygelyks ek wolris Frysk praat? En binne der op ‘e Waadeilannen minsken dy’t Frânsk prate?

Om dêrefter te kommen, binne de twa wittenskippers in soad ynformaasje nedich fan minsken mei in goed ear foar de wrâld om har hinne. Dy ynformaasje kinne jo mei oanleverje. De gegevens wurde anonym ferwurke en it ûndersyk wurdt oer in pear jier op ‘e nij útfierd om te sjen hoe’t de meartaligens yn Nederlân en Flaanderen him ûntjout.

De enkête begjint mei de fraach oft it Nederlânsk jo memmetaal is. Foar de wissichheid: Stedfrysk, Biltsk en de Saksyske dialekten wurde troch de ûndersikers as in foarm fan Nederlânsk beskôge, it Frysk net.

Hjir kinne jo de enkête fan de twa ûndersikers fine:
https://www.meertens.knaw.nl/surveys/index.php/188399/lang-nl

juny 28, 2016 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.