“Brûke jonge bern it Frysk noch?”

juny 5, 2016 14:01

Graach fertelle wy yn Fryslân inoar dat it Frysk in sterke taal is, dêr’t al safolle kear fan foarsein is dat er ferdwine sil, mar dy’t iderkear gewoan oerlibbet en der dus bliuwt. Dat soe bysûnder wêze, want de measte minderheidstalen ferdwine sa linkendewei. Is dat wier oars foar it Frysk?

Dr. Geert Driessen fan de Nijmeegske universiteit docht al jierren regelmjittich ûndersyk nei de posysje fan it Frysk, de streektalen en de dialekten yn Nederlân. Op grûn dêrfan hat er in betrouber byld yn hoefier’t en hoe’t bern yn de ûnderbou op skoalle, thús en mei boarters it Frysk brûke. Driessen lit ús op freed 10 juny, tidens in spesjale stúdzjemiddei yn Tresoar, de resultaten sjen fan it meast resinte ûndersyk fan 2014 en ferliket dy mei de resultaten fan in selde ûndersyk út 1994. Wat is der yn dy tweintich jier feroare?

Der is nei syn ynlieding alle romte foar fragen, petear en diskusje. Foar elk dy’t har of him út passy, út nijsgjiriggens of professjoneel mei it Frysk ferbûn fielt, is dat in net te missen stúdzjemiddei.

Doar de konfrontaasje mei de wiere feiten oan.
Elk is wolkom op freedtemiddei 10 juny 2016 yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar, 14.30 oere. Tagong is fergees, leafst al even yn it foar oanmelde op fierdermeifrysk@gmail.com.

De middei wurdt organisearre troch de stichting BMD-Frysk, yn gearwurking mei Lân fan Taal, Tresoar en de Fryske Beweging.

juny 5, 2016 14:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.