Sa klinke de Germaanske talen
Resint ferskynd
Oan it begjin fan ‘e midsieuwen waard yn in grut part fan Europa de taal Germaansk praat. Dy hat him hiel stadichoan opdield yn tûzenen dialekten. Ut dy dialekten hawwe skriuwers, politisy en ûnderwizers de ôfrûne pear hûndert jier moderne standerttalen lykas it Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Sweedsk foarme. Oare dialekten, lykas it Nedersaksysk, Lúksemburchsk en West-Flaamsk binne net of amper standerdisearre.
Hoewol’t al dy talen en dialekten út it Germaansk ûntstien binne, binne de ferskillen hjoed de dei sa grut dat de sprekkers derfan inoar net goed ferstean kinne. Hjirûnder is it hjoeddeiske ferskaat oan Germaanske talen en dialekten te beharkjen.
Ús standert is: Midsiuwen (en net midsieuwen). Hoe faak moat it noch werhelle wurde?
Hâld dochs ris op mei dåt geëamel oer de stavering! Dy nije stavering is bespotlik. Dêr moast jild oan útjûn wirde, hwånt o “de Friezen kinne mar min harren eigen tael skriuwe, dåt it moat makliker”. Ynstee fån dåt dåt jild ynfestearre waerd yn it sichtber meitsjen fån it Frysk of better Frysk ûnderwiis… Ik doch net mei oan dy nije stavering, en gean sels oer op hoe’t it Frysk nei myn idee skreaun wirde moatte scoe.
Staveringsferoaring is dom en deroer tsiere is noch dommer.